Wepperkes -snein-

Utslaggen 22-9
21 september 2007
Wepperkes -moandei-
23 september 2007

Gelyk
Twa wike lyn wie it unyk dat alle seniorenalvetallen wûnen. Juster wie it hast sa fier dat alle senioren gelyk spilen. Bij SDS 2 waard lang om de gelykmakker socht, mar it doelpunt foel oan de oare kant.

Boppe-yn
Ondanks it lykspul fan juster draait SDS 1 noch altiten mei boppe-yn(klik hjir).

Trijeling
Wij wisten it net, mar juster is dúdlik wurden dat Eddy de Boer ien fan in trijeling is. Syn twa broers fuotbalje bij Drachtster Boys 4. De oerienkomst sit net allinne yn it hier, of it gemis dêrfan. Ek it skoaren hiene se op de selde wize yn de macht. Oer tredde helten hawwe wij gjin oerienkomsten fine kinnen.

Foto’s
Henk Bootsma hat sneontemiddei wer in hiele searje foto’s makke. Jim kinne se hjoed of moarn allegear fine op
dizze side

Stopsetten
De skiedsrjochter bij SDS C2 – FVC C3 waard sneontemoarn staakt. Ien fan de spilers fan de tsjinstanner toande earnstich wangedrach en de skermutselingen dy’t dêrnei folgen wiene net te akseptearen foar de skeids.

Alibi
Freed melden wy dat Sjoerd van Beem der sneon net te fuotbaljen wie om ’t hy him ynskriuwe soe as Cambuur-fan. Sjoerd mailt ús dat hjir neat fan wier is. Dit moat him in alibi ferskaffe(klik hjir).

Allegear foto’s
Der binne sneon miskien  wol mear as 100 nije foto’s makke fan alvetallen en spilers. Dy moatte allegear in plakje hawwe op dit side. Dat freget in soad tiid. En dat wylst it hoed prachtich waar wurdt en der leuke wedstriden op it programma stean. Dêrom sille wij de kommende dagen sjen wat wij dwaan kinne.

Kaartsje SC Heerenveen – FC Utrecht oer
Wy hawwe ien kaartsje foar SC Heerenveen – FC Utrecht fan fannemiddei yn de oanbieding. It is in kaartsje foar de steantribune. Wa dit kaartsje hawwe wol kin kontakt opnimme mei info@vv-sds.nl.

Stokbôle
Dat Harm-Auke Dijkstra thús net oer it itensieren giet mei dúdlik wêze. Hy hie sneontemoarn 4 farske stokbôlen ophelle by de bakker foar de barbekjoe sneontejûn. Hy frege Dirk-Yde hoe ’t der dizze it best bewarje koe; “moatte dy stokbôlen ek yn de koelkast…………….”

Opmerklik
Ien fan de meast opmerklike útslagen wie dit wykein by WTOC-ONT. Dit waard mar leafst 5-8….(klik hjir).

Ballenjongen
Dit is mei rjocht in ballenjongen(klik hjir).