Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
23 september 2007
SDS League: In Control pakt de wykpriis!
25 september 2007

SDS League
Moarn komme wy mei de nije stân fan de SDS League. Bûten ús skuld om telt de wedstryd fan freedtejûn tusken VVV en NAC net mei. Wy kinne hjir neat oan feroarje. Sjoch hjir wêrom as dit sa is.

Taljochting
De wedstryd tusken SDS C2 en FVC C3 waard sneon staakt. Hjir noch efkes de taljochting fan de skeids wêrom as it staakt waard:
Denk toch dat ik hier even meer iets moet toelichten. De wedstrijd werd uiteindelijk gestaakt omdat FVC van het veld liep. Dit nav ernstig wangedrag van 1 vd FVC spelers en alle schermutselingen die dit uitlokten. De scheids vond een afkoelingsperiode niet verstandig omdat de speler erg onder de indruk waren door het gebeurde(de scheids was inderdaad ook onder de indruk) en heeft verder ook geen poging gedaan om FVC over te halen, dus staken. Zaterdag waren er bij deze wedstrijd geen winnaars, slechts verliezers, en we hopen dat een ieder door het meegemaakte van zaterdag toch nog een goed weekend heeft gehad. De scheids wenst de betrokken speler van FVC veel wijsheid toe in de toekomst. En laten we hopen dat dit soort incidenten zich niet weer voor zullen doen op onze velden.
groeten, Friso

Ferslach SDS 3
SDS 3 spile sneon in “bloedeloze” 0-0 tsjin Leeuwarder Zwaluwen. Benijd as dêr noch wat in ferslach fan te meitsjen wie. Bauke Dijkstra is yn de penne klommen(klik hjir).

Krist wint fyts
Krist Stoelwinder, spiler fan E2, hat okkerlêsten meidien oan in jeugdtoernooi bij Cambuur. Bij de ferlotting die bliken dat hij de gelokkige winner wie fan ien fan de prizen bij de ferlotting. 22 septimber koe hij syn priis helje bij de Jong Tweewielers yn Wommels: in fyts

TikkieterugJacob
Tidens de wedstryd kaam Heeg wol hiel maklik oan in doelpunt. Lêste man Jacob Plantinga soe in bal net sa fier fan it doel ôf fourt traapje. Hij rekke de bal geweldich, mar trochdat in tsjinstanner der foar stie, skeat de bal werom it eigen doel yn. Op fersyk fan Jacob sels nimme wij him op yn it TikkieterugkJaap klassemint. Sjoch foar it hiele klassemint
hjir.

Doelpuntenmakkers
Acht doelpunten waarden der skoard dit wykein bij de senioren. Johan Delfsma wie de topskoarder mei twa doelpunten. Gearard Posthumus bliuwt oan de lieding. Sjoch
hjir

Famkes op foto

Sneon binne de famkes, foar sa fier se der wiene op de foto kaam. Jim kinne yn de kunde mei harren komme at jim hjir sjogge.

Read
It kleuret al aardich read op de Skoalleseize. Ek de spilers fan SDS 4 en SDS 5 binne sneon yn de nije klear stutsen.  Foarsitter Douwe Dirk Reitsma hat it der mar drok mei en wierskynlik syn hiele húshâlding want troch in yngreep koartlyn oan de knibbel yn it sikenhús is Douwe ek noch oan it revalidearen.

In muorre

In yndirekte frije traap wie it resultaat fan in fermiende weromspylbol. De froulju bouden in muorre.

Net sjoen?
Foar wa ’t troch ondúdlike reden(pokerje? Nei in konsert ta?) juster de wedstryd SC Heerenveen – FC Utrecht mist hat, kin hjir de samenvatting noch efkes sjen. Der sit dan wol gjin gelûd by, mar it is tige de muoite wurdich om efkes te sjen(klik
hjir).

At jim noch wat te melden hawwe, dan kin dat. Maile kin nei dit adres.