Wepperkes -snein-

Utslaggen sneon 15-9
14 september 2007
Wepperkes -moandei-
16 september 2007

D2 yn byld
Richard Oukes hat fan D2 in alvetal foto makke en fan alle spilers in kreas nij portret. Moandei kinne jim it resultaat fan dy fotosessy sjen. No al fêst in
lyts filmke.

Sânbak

De wedstryd Trynwâldster Boys 1 SDS 1 wie yn de earste helte fan matich gehalte. De troue froulju fan SDS ferfeelden harren en sij fregen at se yn de sânbak mochten. Undanks it feit dat der regelmjittich katten ynsitte en it feit dat de ammerkes en skepkes net meiwiene, fermakken se harren poerbêst. De jonges (Willem en Yde) mochten net meidwaan.

Allegear strepen

It sil wol wennen wêze, mar wij fûnen it mar neat. Op it fuotbalfjild yn Trynwâlden lizze ek twa kuorkebalfjilden, mei heldere giele linen. Noch in gelok dat dêr net folle keatst wurdt. Op de foto rint Anne yn in streeprike sone.

Oanstoarmjend talent
Dit is Famke fan Skrok 11, oanstoarmjend talent foar de dames. Se hat it SDS-tenue al oan en mei har balgefoel sit it ek wol goed(klik
hjir).
Neeltje de Boer

Rûne tafel
Yn it fertroude byld fan de âlde kantine sille fêst dingen feroarje. Sa útsûnderlik moai wie it no ek wer net. Mar wij mochten der fan út gean dat it rêstplak nei de wedstryd (de rûne tafel) net út it byld ferdwine sil.
Lykwols juster waarden wij oansprutsen troch de foarsitter fan de “aksjegroep ta behâld fan de rûne tafel yn de nije kantine”. Hij liet ús witte dat de ynrjochtingskommisje keazen hat foar in oar model en dat hij en in protte oaren dêr deaûngelokkich fan wurde kinne. Bruinsma liet ús witte dat der  neitocht wurdt oer prikaksjes. 

A1 om de rûne tafel. Sij fulle krekt as tsjientallen oaren it leaugue formulier op it lêste momint yn.

Wêr bliuwe de boerdsjes?

Ek de freonen fan SDS op boerdsjes komme net werom yn de kantine wurdt der sein. It bestjoer fan SDS is dêr flink oer teloarsteld sa lit de foarsitter ús witte. Sij wolle harren der seker net bij del jaan.
Wij binne wol bliid dat yn de húskes de SDS kleuren wol werom te finen binne. Wite tegels mar swarte banen. Of is it oarsom?

Frouljuteam yn de trainingspakken

Ek it frouljusteam fan SDS is yn it nije trainingspak stutsen. Sneon foar de wedstryd tsjin Mulier wie der tiid foar in foto.

Mido?
Harm-Auke Dijkstra hat op fakansje west nei Egypte. Sneon die hy foar it earst wer mei by SDS 5. Hy like suver op de Egyptyske spits Mido. Harm-Auke die gjin stap tefolle en wie neffens Jacob Plantinga de ienige yn de rêst dy ’t gjin drip swit op ‘e holle stien hie. It ienige ferskil mei Mido wie dat Hampie al skoorde…..3 kear mar leafst.  

Wedstrydferslaggen
Wolle jim de utslaggen fan sneon en de koarte wedstrydferslaggen besjen, dan kin dat.
Klik hjir.

SDS League
Wy binne drok dwaande om de teams fan de SDS League allegear yn te fieren yn de komputer. Sa ’t it no liket dogge der sa ’n 70 teams mei.

Ôftesten
Anton Jongsma spile ea by Harkemase Boys en woe it graach yn it betelle fuotbal probearje. SC Cambuur teste him ôf. FC Zwolle is op it heden tige wiis mei him(klik
hjir).

Hawwe jim nijs of wolle jim oars wat kwyt, mail it nei dit adres.