Wepperkes -snein-

SDS sneuvelt in achtste finale
12 januari 2007
Wepperkes -moandei-
15 januari 2007

Al wer kampioen
dscf2565.jpg 
Stoffel Bouma (SDS 5) is in echte Fryskedammer. Jim witte fansels ek wol dat hij syn foartún feroare hat yn in echt damboerd. Stoffel damt yn Hartwert. Mar ien kear yn it jier hat er in thúswedstryd. Kafe Bergsma sit begjin jannewaris altiten fol Fryske frysk-dammers omdat se dan stride om it klupkampioenskip. Dat wint Hartwert, útsein wannear ien fan de oaren better is. Sneon wie dat lêste net it gefal en dêrmei waard Hartwert en dus Stoffel ek Frysk kampioen.
Syn befiningen kinne jim letter lêze en mear foto’s fan dit barren ssteane op de side fan 
KafeBergsma

Fryskdamjen (2)
Sneon, machtich fuotbalwaar mar it ienichste wat trochgie wie it klupkampioenskip Frysk damjen yn Kaféé Bergsma.  Damklup Hartwert wie wer de bêste want hja waarden foar de 26 e kear kampioen yn de 69 e kear dat dit kampioenskip ferspile waard. 
 
Yn it earste achttal sieten ek trije Eastereinders en twa (Fedde Wiersma en Stoffel Bouma) pakten beide de folle winst.Foar in ferslach, lês woansdei de Boalserter krante, moandei de Ljouwerter en Fryskdeiblêd en foar foto’s,
www.cafebergsma.nl en jimme sjogge allegearre bekinden. 

Wa ris Frysk damje wol, kom ris del by Stoffel, it boerd leit 365 dagen yn it jier klear!

Nij materiaal
It bestjoer fan SDS hat foar it trainingsfjild bij de klaaiboksen 6 nije doelen besteld. Trije ferskillende maten. 5 bij 2, 3 bij 2 en 3 bij 1. De levering sil oer in wike as 8 wêze.

Midwinterkup (1)
SDS spile sneon tsjin WPB en troch in skiedsrjochterlike beslissing rûn it wetter wat heech op bij in inkele WPB-er. Fansels giet it dêr ek oer op
it forum fan drs Vijfje. Wij wolle dêrbij wol opmerke dat net SDS mooglik in ferkearde beslissin g naam mar de skiedsrjochter.

Midwinterkup (2)
De midwinterkup fan 2007 is juster wûn troch Avanti út Stiens. Sy wûnen de finale tsjin Exstador út Harns mei 2-0. Tsjin Exstador spile SDS sneontemoarn yn de poule en ferlear doe mei 2-0.

Kaarte
Freedtejûn is der kaarten en pylkjesmite yn de kantine yn Easterein. Dit hat de aktiviteitenkommisje ús witte litten. It begjint om 20.00 oere.

Treffer
De Treffer is wer klear en giet jûn nei printer Hanzedruk yn Boalsert. Yn dizze Treffer kinne jim ek ynformaasje lêze oer de reis nei Rotterdam, spesjaal foar Feyenoord supporters.

Nijs
Hawwe jim nijs, leuke tips en oars wat mail it nei
ús adres.