Wepperkes -snein-

Útslagen-ferslagen 28-10.
28 oktober 2006
Wepperkes -moandei-
29 oktober 2006

In minne dei
At je justermiddei de útslaggen yn de kantine beseagen dan waarden je net bliid fan de útkomsten.
Der wiene juster 17 ploegen dy’t aktyf wiene:
5 kear wie der winst
1 kear gelyk
11 kear ferlern
Konkluuzje: SDS is net goed út de hjerstfakansje kommen.

Harsens der bij
Oan de feteranen fan SDS 5 te hearen is dat in aaklik populaire rubryk oan it wurden op dizze side. Juster yn Wurdum kamen se allegear mei útskuorde bûsen yn de klaaikeamer. Utsein Eddy de Boer.
Eddy wie yn de twadde helte yn it fjild kommen en krige al frij gau in kâns. Op in djippe bal omspile hij de doelman kreas en in prachtich iepen doel lei foar him. Eddy beslute om de bal der mar yn te rinnen, mar foardat hij dêr wie kamen der al wer ferdigeners oansetten. Ofspylje nei Ype T. wie ek in opsje. Eddy keas dochs mar foar in skot, wylst hij hast op de doelline stie.
En wat er doe barde hie op film stean moatten en dan binne wij der wis fan dat it filmke krekt sa populair wurde soe as it filmke fan Stefan P. Eddy skopte yn de grûn en foel foaroer op de doelline en …..makke gjin doelpunt dus.

Doelpunten
De echte toppers skoorden dit wykein wer. Wichard Deinum bliuwt oan de lieding. De komplete list kinne jim
hjir sjen.

Skorst
Gerrit Terpstra hat 6 wedstriden skorsing oan ‘e broek krigen foar syn akkefytsje yn de wedstryd fan SDS 2tsjin Knickerbockers. Gerrit kin him fêst klear meitsje foar SDS 2 – Flevo Boys 2 op ………..sneon 10 febrewaris.

Hampie valt af???
Harm Auke Dijkstra sit dit wykein yn Sporthús Centrum mei de hiele famylje. Hampie sil dêr net folle te iten krije(klik hjir).

Harsens derby!(11)
Dizze is spesjaal foar Eddy(klik hjir).