Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
28 oktober 2006
Wepperkes -tiisdei-
30 oktober 2006

SDS 1 ûnderút
SDS 1 gie sneon mei 3-1 ûnderút yn De Pein tsjin ONT. Klik hjir foar it ferslach fan ús kollega-webmaster Sjouke Walinga op de webside fan ONT.

Lêste thúswedstryd
Foar Vitor Perim sit de staazje der op yn Nederlân. Dat betsjut ek dat hij sa wat de lêste thúswedstryd spile hat foar SDS A1. Op fersyk fan de spilers moast er fansels noch wol efkes in  alvetalfoto makke wurde mei him der bij.

Allinne
Ype Tiemersma fielde him sneon wat allinne yn de kantine. It wie krekt of fielde in losrinnend poeske dat oan. Sa koe Ype efkes krûpe.

In protte foto’s fan pinguin dei
SDS 1 wie sneon yn de Pein om te fuotbaljen tsjin ONT 1. Der binne ek fan dizze wedstryd wer in protte foto’s makke. Jim kinne se
hjir allegear besjen.

SDS 3 aardich op dreef
SDS 3 pakte sneon alwer 3 punten yn de derby tsjin Workum. Ruurd Boorsma hat it ferslach skreaun(klik hjir).

De Weide 1 – SDS 1
Foar de futsallers fan SDS 1 is it op moandeitejûn al wer aktiviteit. Sij moatte om 19.00 oere al yn Hoogeveen wêze om tsjin de Weide oan te treden.

SDS League
Ôfrûne wike wie der in dûbel programma yn de eredivysje. Dit sil fêst grutte gefolgen hawwe foar de stân fan de SDS League. Moarn is de nije stân hjir te besjen.
Wy ferwachtsje dizze wike mei namme in soad fan OZZY(Hendrik Eringa) en FC DUJO(Dukke van der Weij). Beide teams eagen eindelijk harren spits Charisteas(FEY) skoren.

Fiskje
Henk Postma hat al wiken lêst fan de hamstring. Neffens himsels komt dit mooglik troch in ferkeard stuoltsje yn syn fiskersboat. Miskien moat hy ris efkes by Marcel Frankena lâns(klik hjir).

Harsens derby(12)
Lòòòòòòòòòòòòòòòòòòòsss!!!(klik hjir).

Diego Armando Maradona
De beste fuotballer oait is hjoed 46 jier wurden(klik hjir en hjir).