Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
21 oktober 2006
Meinte Sixma-toernooi
23 oktober 2006

Hoe is ’t mei de knibbel?

Dit mailtsje krigen wy juster fan Marcel:
Ha die mannen,
Nou ik sta er weer mooi gekleurd op, hahaha.
Even een tussenstand van mijn knie?
Gisteren(= zaterdag) met Eddy de Boer naar MCL geweest, daar is geconstateerd dat het niet om de kruisbanden gaat.
Vermoedelijk de buitenmeniscus. Advies van de arts was uiteraard een paar dagen rust en dan maar weer even zien.
Heb nog veel pijn maar dat is logisch, hoop dat het snel beter wordt.
Groeten van Marcel
Wy winskje Marcel betterskip ta!

Moaie boel is dat…
Wa kin him net? Age Tichelaar út Harns (nee, dat sizze wij ferkeard :út Harlingen) Hij wie neist Sybren Wassenaar de foarline spesjalist bij it keatsen en hij ferfulde ek bij it fuotballen in wichtige rol. Bij Harns (nee, Harlingen) mar ek bij oare klups as skiedrjochter. Yn it klupblâd fan Harlingen stiet in interfjoe mei him en dêryn wurdt dúdlik dat wij allegear tochten dat wij goed mei him prate koene, mar dat it allegear wol wat oars sit. Sjoch
hjir foar in diel fan it interfjoe.

Stiet it der echt wol op?
Sneon makken wij wer wat foto’s fan jeugdspilers dy’t nij bij de klup binne. Ien fan dy jonges hie in Ajax-sjurtsje oan en bij ien fan de wepmaster docht soks sear oan de eagen. Tafallich wie dat degene dy’t de foto meitsje moast. hij koe it net litte om te sizzen dat “de holle der allinne op kaam want dat Ajax sjurtsje mocht er net op”. It jonkje seach wol wat teloarsteld en derom waard gelyk oanjûn dat it mar in grapke wie.
Dochs fertroude hij it net en in heal oere letter kaam hij dochs noch efkes lâns om te ynformearen: “Stiet it Ajax sjurtsje der echt op?”
Absoluut Jan Fokko Rispens:  want dit is it rissultaat.

Jan Fokko Rispens

Ek op de foto
Ek yn Reahûs folgje se de webside sûnt koart want dêr sit ús F2 lid Jorrit Hofstra. Doe’t hij de foto kaam sein syn mem gelyk : “Nu ben je tenminste geen bal meer op de website.”
 
Jorrit Hofstra

In eigen webside?
Fannejûn foelen wy hielendal hast fan de stoel doe ’t bliken die dat Anne Brouwer sels in eigen webside hat(klik
hjir). Sjoch mei namme efkes by de CV.

Kwis
Wij hawwe no 5 kandidaten:
Ut Wommels: Ype, Daan, Sjoerd en Willem
Ut Easterein: Jildert
Wij kinne noch 4 kandidaten brûke. Dus Eastereinders, Littensers, Riensters, Kûbaarders lit wat fan jim heare.
Opjaan kin bij
Aant

Futsal 3
Futsal wie moandeitejûn oan it bekerjen. Wij binne benijd nei de útslach

Harsens derby(8)
Dizze kin net mis(klik
hjir).