Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
14 oktober 2006
Tom, Pieter & the Heartbreakers pakke wykpriis!
17 oktober 2006

In famke
Dit berjocht krigen wy hjoed fan in trotse pake:
Jonges,

Peter en Geartsje ha der fannacht in famke bij krigen,

de namme; Liset, gewicht op 3 ûns nei, 8.5 pûn.

It liket allegeare goed, jammer foar S.D.S. 1

De trotse Pake

Fan herte lokwinske!!


Reidhin

Jaap Zijlstra hat wer in ferslach skreaun oer D1. It giet dizze kear oer in reidhin.
Werom? Sjoch hjir.


SDS League
Wy ferwachtsje dit kear in soad fan de teams fan Douwe-Dirk Reitsma(FDDR) en Hans Kooistra(Team Kooistra). Beide teams spylje mei Denneboom(NEC) yn de basis. Denneboom pakte dit wykein 9 punten.
Tiisdei kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League ferwachtsje.

De measte punten
It wykein meirekkenne binne dit de fuotballers yn de SDS League dy ’t

de measte punten hawwe:

1

Alex(PSV)

26

2

N’Kufo(TWE)

22

3

Bakircioglu(TWE)

20

4

De Fauw(ROD)

19

 

Jaliens(AZ)

19

 

Kromkamp(PSV)

19

5

Gomes(PSV)

18

 

Perez(AZ)

18

 

Salcido(PSV)

18

7

Heitinga(AJA)

17

 

Janssen(RKC)

17

 

Lazovic(VIT)

17

 

Suárez(GRO)

17


De minste punten
De spiler mei de minste punten yn de SDS League kin mar ien wêze fansels…..Stijn Vreven(ADO) stiet op min 5(!!?).

SDS 3
SDS 3 wûn sneon alwer mei grutte sifers. Hoe dit sa koe kinne jim lêze yn it ferslach fan Wakku(klik hjir).


Fuotbalkenniskwis
Al wer foar de fjirde kear wurdt er troch Freddy en Aant in fuotbalkenniskwis yn elkoar setten. Yn dizze kwis wurdt striden om de titel “fuotbalprofessor fan SDS” 2007.
Der kinne 9 dielnimmers meidwaan en wij roppe belangstellenden  op om jim no gelyk op te jaan bij Aant. (sjoch wepperkes sneon).

Allegear jierdei!
Der binne hjoed nochal wat SDS’ers jierdei:

Durk    Okkema          16-okt-70        5e

Steffen Bruinsma        16-okt-88        A1

Ewout de Boer           16-okt-90        B1
Ek âld-ponghâlder Popko Wijnia is hjoed jierdei.
Allegear fan herte lokwinske!!


Harsens derby!(3)
Foar ús rubryk “harsens derby” dit kear alwer in moai filmke út Dútslân. Sjoch en genietsje(klik
hjir).

2 reservekeepers
Yn Ingelân wurdt it hast tiid om 2 reservekeepers op de bank te hawwen. By Chelsea foelen sneon sawol Cech(klik
hjir) as Cudicini(klik hjir) út en moast dêrnei fjildspiler John Terry(klik hjir) op de goal.

2e priis
Henk Bootsma hat lêsten de 2e priis helle mei in foto foar in fotowedstryd. Fan herte lokwinske!(klik hjir).