Wepperkes -snein-

Wepperkes -freed-
12 juli 2007
Wommels giet oefenjen!
16 juli 2007

Geruggie
Der wurdt grute dat FC WOmmels kommende wike in oefenwedstryd hâlde sil op in “geheime” lokaasje. Wij fregen in reaksje oan de parsefoarsljochter Ate Jansma, mar dy hulde him yn stilswijen.
Mar troch bepaalde  útlittingen koene wij net oars konkludeare dat Lollum de lokaasje wurdt en dat er spile wurdt tsjin FC Lollum fan hjoed wierskynlik oanfuld mei de routine út it ferline wêrbij de nammen fan Sjoerd Postma en Appie Posthumus foelen. Wij binne benijd.

SDS 4
SDS hat kommend seizoen wer in 4e. Nei in seizoen sûnder 4e is it wer safier. It 6e fan foarci seizoen is sa’n bytsje it 4e wurden. Foar de rest is der net folle feroare. Om ’t Geert Poeze stoppe is mei fuotbaljen, is Bas de Haan no allinnich leider. Klik hjir foar de seleksje fan SDS 4.

Samme
Freed spile sc Heerenveen op Skylge tsjin AVV-Hoorn. Bij de Skylgers die Eastereinder Samme Overal mei en neffens heit Klaas soe hij foarstopper stean. Wij binne benijd hoe’t it him fergien is: Hoe faak hat er in kopduel wûn fan Sibon, hoe kin it dat Sibon trije kear skoord hat, hoefolle oertredingen hat hij makke? Hat er giel krigen? Is hij yn it boekje fan Gert Jan Verbeek kommen foar in ferfolch?
Allegear fragen wêr’t wij graach in antwurd op ha wolle.

Op de foto
It is yn alle gefallen wis dat Samme meidien hat. Op de thússide fan sc Heerenveen stiet hij as folweardige proffuotballer yn it fjild. Sicco tipte ús.

WK
Tiisdeitejûn sil der wer yn Wommels fuotballe wurde fanôf 19.30 op it fuotbalfjild. Wa ’t nocht hat komt mar efkes del.

Opsein
Fan it wedstrydsikretariaat krigen wij troch dat Tessa de Jong bij de froulju opsein hat. Dat is spitich en wol hiel gau. Der kin dus wol wer ien bij.

Mis
Bij it fuotbaljen giet soms wat mis. Mar bij it spearsmiten ek: en dat kin ferfelende gefolgen ha. Sjoch
hjir

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!