Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
12 juli 2007
Wepperkes -snein-
15 juli 2007

Seleksje SDS 3 2007-2008
Ek de seleksje fan SDS 3 is rûn. Jim kinne him hjir besjen. Net folle feroarings by SDS 3 al hâldt Lieuwe Meijer op mei fuotbaljen en it liederskip. Jappie Wijnia en Wichard Deinum nimme it lieder- en trainerskip tegeare op harren kommend seizoen. Paul de Boer is oerkommen út de A’s lykas Steffen Bruinsma. Hat der ek noch ien in krease foto fan Paul? Mail him nei info@vv-sds.nl!

Bistenaktivist
De ôfrûne dagen is ien fan de webmasters al meardere kearen de selde fraach steld: “Bisto al werom út Appelskea”
 
Om oan te jaan dat it him net is, jout hij him hjirbij op foar de barbekjoe op 25 augustus en hat hij Lolke Bouma frege foar him te tsjûgen dat hij graach in droech woarstje lest.

Wêr binne se bleaun?
Wij hawwe mar wer efkes yn in âlde spilerskaart derbij helle. Wa’t wat leuks te melden hat oer dizze Gauke, kin it kwyt bij ús.
 

Alde doaze

Ek yn de âlde doaze siet noch wat. Dit moat in jubileumwedstryd west ha, tinke wij sa oan de blommen te sjen.

Jiskefet
Op Dennis Dijkstra syn Hyves kamen wy in moai filmke tsjin oer Ajax fan Jiskefet(klik hjir).

Feyenoord
Kevin Hofland en Roy Makaay komme beide fanút Dútslân nei Feyenoord. Foarige wike stienen sy yn de Kuip. Wêr hienen sy it eins oer?(klik hjir)

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!