Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
19 mei 2007
Concordia Design nije webside-sponser!
22 mei 2007

SDS 2 op koers
SDS 2 is op koers om syn plak yn de 1e-Klasse feilich te stellen. Sneon waarde ek de 2e wedstryd tsjin Lycurgus wûn. Dit û.o. troch in knappe hattrick fan Dirk de Jong. Klik hjir foar it hiele ferslach fan Remco Bervoets.

Slieplúzen
Easterlittens F2 – SDS F3   4 – 1
Het zijn gewoon geen 9 uur ’s ochtends voetballers, die van F3.Ondanks dat we er al om 20 over acht waren, (“nee leider het is niet zo heel ver hoor, dat Easterlittens…….”) bleven de slaapluizen in de oogjes hangen. Eén keer wrijven en het stond al drie nul….
Oke, ze waren gewoon beter. Uitblinkers bij F3: het gehele middenveld: Marten, Roan en Jos.
Jetze en Tjerk  

Twa miggen yn ien klap

Oebele Anema is ien fan de mannen fan de KNKB dy’t de ûntankbere taak hat, de wanten fan de keatsers te kontroleren. Freedtejûns giet hij yn oerlis mei ien fan syn kommisjegenoaten en dan bepale se wêr’t se sneons in ferrassingsynfal dwaan geane.
Omdat Oebele ek wol graach nei Grins woe, wêr’t Skelte mei SDS 2 fuotbalje moast, wie de kar gau makke. Yn Easterein wie in jongespartij en derom fûn der in grutte wantekontrole plak yn Easterein.

Âlde bekende
Folgend seizoen sjogge wy wer in âlde bekende werom by SDS. Donny Okkema hat him wer oanmelden as lid. 2 jier werom spile hy noch by it 2e, mar gie dêrnei nei Denemarken en hawwe him in skoft net sjoen. Folgend seizoen kinne wy sjen as hy noch altiten sa snel is.

Binnen
Wij hawwe tasein dat wij jim goed op de hichte hâlde welke alvetallen harren jieroersicht ynlevere hawwe:
Fan de folgende teams is wat binnen:
E1
Futsal 1 
Futsal 2
Futsal 3
At it yn dit tempo trochgiet dan komt de lêste Treffer yn septimber út. Lieders. Mail it nei
dit adres.

It giet hurd

Der wurdt omraak timmere oan de nije kantine. Sels op Himmelfeartsdei waarden der moai wat spanten setten.
Alles leit noch altiten prima op skema.

Braakhekke
SDS2 hie der ôfrûne sneon in supporter by.  


Jaap en Joop
Kin Jaap wat itensiere? Oars kinne sy sa wol op tillevysje..


Âlde foto’s
Op syk nei âlde foto’s en anekdoates foar de jubileumtreffer kamen wy noch in moaie foto tsjin dy ’t wy jim net ûnthâlde wolle;

Is ‘ie net prachtich?

Anekdoates
Hawwe jim ek noch in moaie anekdoate dy ’t net ûntbrekke mei yn de jubileumtreffer mail dy dan nei detreffer@vv-sds.nl. As it net goed lukt om it op te skriuwen dan mei it ek tillefoanysk trochjaan wurde.

1000!!!
Romario hat eindelijk syn 1000e goal makke yn syn karriëre. Klik hjir foar de hiele list…….