Fryske dei wepperkes
2 oktober 2005Bistedei-wepperkes
4 oktober 2005Wer gjin winst foar SDS A1
De A1-junioren wachtsje noch altiid op de earste winstpartij.Út tsjin Heerenveen A2 waard it op Skoatterwald 2-2.In fracht oan kansen. De measte kansen koene ús spitsen net fesilverje. In soad blessureleed (Geert en Johannes). In 0-2 foarsprong. Twa slemieliche goals tsjin. Mar ien kans tsjin en dizze kans waard ek noch oer sketten. Goals fan Feiko en Ralph op oanjaan fan Johannes. Koartom in wedstriid om snel te ferjitten. Wat soe it moai wêze at we folgende wike it gelok oan ús eigen side hawwe. Of moat de gifbeker hielendal leech?
Klaas en Marco
Lytse Lútzen
Sieuwke en Frank Rijpma(SDS 2) hawwe fan freed op sneon in jonkje krigen. Syn namme is Lútzen. Hy weaget sa ’n 8 pûn. Fan herte lokwinske! De kaarten kinne nei:
Fam. Rijpma
Aenkommewei 1
8735 HH Itens
SDS timmert aardich oan de dyk
Dit mailtsje krigen wy fan de freondinne fan Stefan van Krimpen(SDS 2), Hannah de Boer:
Ik wist dat SDS behoorlijk aan de weg aan het timmeren is met een nieuw trainingsveld en straks nog een nieuwe kantine maar ik had nog niet gehoord dat sds ook een vrachtwagen had gekocht totdat ik hem onderweg tegenkwam en gelukkig een foto kon maken! voortaan kunnen de spelers hun voetbalspullen bij een uitwedstrijd zeker laten brengen door deze vrachtwagen!!! Nu nog een spelersbus!!!
Bistedei
Moarn is it bistedei. Wy wolle dit net hielendal oan ús foarbygean litte. Wa mailt ús in foto fan syn húsbist mei in SDS-sjaal, SDS-sjurt of oar SDS-attribuut. Mail de foto nei info@vv-sds.nl!
Op ‘e kop?
Dit mailtsje krigen wy fan de famylje Meijer:
of
Hoe siet it ek alwer?
Nije thússidee
It keatsseizoen is foarbij en dat is foar de keatsferiening fan Itens en omkriten it momint om de nije thússide te presintearen. Mei in nije klaaigelegenheid en in nije side is de klup no al klear foar 2006.
Bij SDS bart altiten wol wat. Alteast at je moandeis yn de LC sjogge. Soms jouwe wij lykwols neat troch. Wij fine ek dat oare klups oan bar komme moatte. Je binne dan wol ferbaasd fansels at er moandei 3 oktober dochs wat ynstiet oer SDS. It giet oer de tsjinstanner Viboa dy’t mei grutte muoite Easterein fine koene. Fan dêr dat se ek sa let wiene yn Easterein.
Kapitein in bekinde loftsefter fan SDS en Sabetochter mei graach fiskje. It skynt sels sa te wêzen dat hij it útgean foarbij gean lit foar it fisken. Want sneintemoarn skynt it goed bite te wollen en dan moatte je wol wat fit wêze. It resultaat kinne jim sjen op www.sabetocht.nl
Wylst de iene keatsklup him presinteart, giet de oare keatsside hast de wintersliep yn. John Frederikstadt Weijer hat alles bijholden en komt mei in oersjoch fan it oantal prizen fan k.f. Wommels.
Fryske dei
Der komme hieltyd mear reaksjes binnen en it entoesjasme is hast net mear te stuiten. Sjoch foar nije programmaûnderdielen bij Fryske dei wepperkes.