Wepperkes moandei 7-1

Nijjierspraatsje
6 januari 2008
Snertrin 2008
8 januari 2008

Betterskip!!!
Sa ’t de measten wol witte hawwe de SDS’ers Thomas van der Meer en Coen Rameau op 30 desimber in slim ûngemak hân. Thomas leit noch altiten yn it UMCG yn Grins. Wy hoopje dat hy gau opknappe sil.
Op dizze webside(klik
hjir) kinne jim lêze hoe ’t it derfoar stiet mei Thomas en him efentueel yn it gastenboek in hert ûnder de rym stekke. De kaartsjes kinne nei syn âlders:
H vd Meer
Pingjumerstraat 18
8748 BN Witmarsum
of nei
 
S.Faber
Klaas Osingastraat 7
8804 RE Tzum

Snertrin.
Ungefear 70 hurdrinners en 10 langsume rinners hawwe mei dien oan de snert rin. Dit wie like folle as foarich jier. Troch dat er op it kearpunt yn Itens in oantal hurdrinners in oar paad werom namen wie de finish wat ûnoersichtelik. Fan it earste groepke wie Mark Postma de winner yn 27.30 minuten folge troch Arjan Posthumus.
Fan it twadde groepke wat it goeie paad rûn wie Anne Stenekes earste foar Tsjipe Klaas Okkema. By de froulju wie Tineke Meyer earste.
Lêste oer de streek kaam Enne Jehannes Bruinsma. Jaap Toering hie ek hiel lang wurk mar dit kaam om’t er by de langsame rinners mei dy.
(Oebele)

Avanti A1
Avanti A1 hat ôfrûne sneon it saneamde Krysttoernoai fan de KNVB wûn. Sy wûnen yn Frentsjer de finale fan Sneek Wit-Zwart A1 mei 8-2. Avanti wie dêrfoar al mei oermacht poulewinner wurden.

In eigen webside
Ryan Babel hat ek in
eigen webside. Mar dizze “Superstjêr” hat seker gjin tiid om him bij te wurkjen. Op syn agenda stiet 4 febrewaris 2007 as earste wedstryd: Ajax-Feyenoord.

Einstân eredivisie?
Wat wurdt de einstân fan de eredivisie? It kin alle kanten noch út. Wy wolle jim freegje om foar 12 jannewaris jim einstân te mailen. Oan it ein fan de kompetysje sjogge wy wa ’t it meast gelyk krigen hat. Wy hawwe dan fêst in pryske foar hannen.
Ferjit net de 2 bonusfragen yn te fullen(klik
hjir).
Oan ’t no ta sit der neffens my noch net in goeie oplossing tusken. Eltsenien tinkt dat PSV kampioen wurdt en oars Feyenoord. Dy 2 wurde it sowieso net…….

Koppermoandei
Wij hiene noch nea heard fan koppermoandei, mar sûnt hjoed is dat oars. Fannemiddei wie it yn Boalsert koppermoandei en drukkerij Hanzedruk wie dêr yn it middelpunt. Sij wiene foar 2008 útkeazen as Fryske drukker om iets spesjaals te meitsjen. Wouter Hylkema mocht it foar de radio taljochtsje.

Humor
De Hamburgers fan HSV blike de útsûndering te wêzen fan de regel dat Dútsers gjin humor hawwe(klik hjir).