Wepperkes -moandei-

Frije trapen oefenje!
3 juli 2005
Goed nijs!!
5 juli 2005

Teamyndielingen?
Der geane in soad geruchten oer de teamyndielingen. Sa soe Ype Tiemersma troch Wichard frege wêze foar in plakje yn it 3e en wurdt Pieter Groenveld miskien wol de fêste keeper yn it 3e. Wy kinne dizze geruchten noch ontkenne noch befestigje. De offisjele teamyndielingen binne by ús noch altiten net bekend. Miskien dizze wike?

In stapke werom?
It like derop dat Jacob-Klaas Haitsma mei syn degradaasje by it keatsen fan de Haadklasse nei de 1e-Klasse him wer hielendal rjochtsje koe op it fuotbaljen. Hy tinkt der allinne sels oars oer en pakte dit wykein yn de 1e-Klasse 2 krânsen. Lês hjir mear oer op de webside fan de KF fan Wommels(klik hjir).

Noch fan herte lokwinske!
Samme wie 22 juny jierdei. Noch fan herte lokwinske! Klik
hjir foar de foto’s fan syn jierdei(mei tank oan www.dophok.tk)

Leider seal
It 1e sealteam fan SDS is noch altiten drok oan ‘e gong om foar kommend seizoen in leider te finen. Sy hawwe in pear gesprekken hân mei kandidaten. Op dit momint binne sy mei ien persoan al aardich fier yn de ûnderhannelingen. It is allinne noch te betiid om in namme te neamen. Jimme kinne hjir hooplik binnenkoart lêze dat it rûn is.

Wedstriidprogramma
It programma fan de SDS-teams is noch net bekend. It programma fan de eredivysje ynmiddels al. Klik
hjir om it te besjen. Set dit yn elts gefal yn ‘e aginda:
Ajax-Feyenoord op snein 28 augustus
Feyenoord-Ajax op snein 5 febrewaris

Wedstriidprogramma SC Heerenveen
Der binne aardich wat SDS’ers dy ’t ek geregeld nei SC Heerenveen geane. Klik hjir foar harren programma. Dizze wedstriden kinne je allegear wol yn ‘e aginda sette. Hjir noch efkes de wichtigsten:
SC Heerenveen – Ajax op freed 30 desimber
SC Heerenveen – Feyenoord op freed 7 april
SC Heerenveen – AZ op snein 16 april

Opfallend is dat SC Heerenveen in soad wedstriden spilet op freed en snein. Soe dat wêze om ’t SDS ‘ers no in ein ride moatte om SDS 1 by útwedstriden op sneon sjen te kinnen en dan net op tiid yn it Abe-Lenstrastadion wêze kinne???
(Mei tank oan www.feanfans.nl en www.vvont.nl)

Spot de Skot!
Wy hawwe hjir in filmke mei allegear spilers dy ’t nei in doelpunt útgebreid juiche. No meie jim sizze wa ’t fan hun in houterige Skot is(klik hjir). Foar Dirk-Yde is it in makkie fansels.

Tour de France
De Tour de France is wer fan start gien. Sa hie de Tour de France der ûngefear útsjoen as der hjoed in etappe yn Limburg hâlden wie(klik hjir).

Rein, rein, rein……..
Foarige wike waard it Glastonbury festival hâlden yn Ingelân. Eltsenien stie der mei syn tintsje om 3 dagen lang te genietsjen fan musyk, bier, moaie frouen, moai waar en ……..helaas …………..in soad rein(sjoch hjir).

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!