Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
21 februari 2005
SDS’ers derop út!
22 februari 2005

Fenfan
Dirk-Yde Sjaarda is krekt werom fan ‘e wintersport en hat ús direkt noch efkes 5 foto’s stjoert foar ús rubryk Fenfan. Helaas gjin sjurtsje fan Cambuur, mar fansels wol ien fan SC Heerenveen en sels ien fan Feyenoord(fan iene Ono?!). Sjoch ûnder SDS-supporters by Fenfan.

Dit sjurt sil dizze wike net by alle SDS’ers yn ‘e smaak falle.

Oefenje
Wy dogge alle war om de agenda by de tiid te hâlden. Der binne wer oaren dy dogge alle war om de dingen net troch gean te litten.Wy hoopje dan ek mar dat jim dêr net te folle op ôfgean. Want nim no hjoed: der stiet dat SDS 1 oefent tsjin DeWitePeal oftewol DWP. Wy hoopje dat nimmen de reis ûndernommen hat want it net troch. Spitich dat wy soks net earder troch krije.

Alwer froulju
Juster stie op dizze side in reaksje fan in (âld) fuotbalster fan ONT. Sy ferbaasde har oer it sjurt fan de doelfrou. Hjoed krigen wy al wer in reaksje fan de froulju’s ôfdieling (Wy ha dizze kompetysje: 2 sen. froulju’s teams, 1 famkes C jun. en 1 famkes pup)  fan ONT. Mei in
kreas artikel út harren jubleum boek. En it is yndie wier: de sjurtsjes fan ONT lykje wol in ferrekte soad op it sjurtsje fan ús doelfrou. Der is allinne ien grut ferskil. It embleem fan SDS dat s0nt koart wer op alle sjurts werom komt

Rêstich
Fanôf moarn wurdt it rêstich yn Wommels en Easterein. Der wurdt net skildere (mar Jimbar is wol iepen), je kinne net by de Fryslân bank te lâne yn Ljouwert, de brêge wurdt net wipt yn Wommels, de skoalle yn Easterein is ticht, de gemeente Snits moat it allinne dwaan mei Oebele en fierders wurdt wierskynlik in protte spybele. Want de famylje Meinte, de sweagers Brouwer/Oosterhaven, Ate, Sjoerd en syn maten en Aant mei syn sweagers dogge mei oan de belegering fan New Castle. Kommend wykein kinne jim op fansels op in ferslach rekkenje.