Wepperkes -moandei-

Ferslagen SDS 1 – Trynwâldster Boys
31 januari 2005
Wepperkes -tiisdei-
1 februari 2005

Sealfuotballe(1)

Ofrune snein wie der sealfuotbal yn de sporthal.
It wie in wer sa’n dei mei hichte en djipte punten.
Dit wie in hichtepunt; Wesley Hoitinga dolt Durk Willem Okkema (dy’t it foar de wedstriid al wat benaud wie en derom ‘incognito’ is!)

Wat is dy Wesley noch rap.

Sealfuotballe(2)
It wie snein sa ’n dei mei djipte- en hichtepunten. Der wie mei nammen ien grut hichtepunt. De moaiste goal fan ‘e middei waard makke troch Sjoerd van Beem. Fanôf de middenline passearde hy mei in skitterende lob keeper Remco Brouwer. Helaas wie dit wol syn eigen keeper. Foar Sjoerd “Stiffie” wie dit dan ek mear in djiptepunt.

De nije SDS League
Ferjit net de SDS League sa gau mooglik yn te leverjen. It duorret noch 12 dagen foar de slúting. Klik
hjir foar it dielnimmersformulier en sa.

Wa is dat lytse keardeltsje?
Fanne wike krigen wy in moaie foto troch de bus dy ’t wy jimme net ûnthâlde wolle. Hy spilet fansels by SDS.

Wa binne dit? Mail it nei info@vv-sds.nl

Smoarch beeldskerm?
Ús reporter H.E. út S. klaget noch al ris oer in smoarch beeldskerm. Hy hat der no wat op fûn. Klik
hjir.

Nije fyts
Sneontemiddei wie de wedstriid tusken SDS 2 en QVC 2 amper dien of it ferslach mei foto’s stie al op ynternet. Sis mar foardat de Starumers it leed fertelle koene yn Starum wie it dêr al bekind. Dochs kin it noch flugger. Dan moat er alline efkes in nije fyts oanskaft wurde. It model is al útsocht.