The Battle Returns!
Fannemiddei fanôf 17.00 yn de sporthal:The Battle Returns! De manlju fan SDS 1 wurde no mixt mei de froulju fan COVOS 1. Sy sille dêrnei yn koppeltsjes tsjin elkoar follyballe. Dêrnei is de dvd fan de foarige Battle te sjen.
Dit binne de yndielings foar fanmiddei:
4-0
Jaap Toering wie de minst passearde doelman yn de twadde klasse K. Dat wie sa. Want nei de 4-0 nederlaach hat Blauw Wit de minst passearde doelman.
Stopje by it(of de) tredde
Auke Hiemstra hat juster witte litten dat hy nei dit seizoen stoppet mei fuotbaljen. Hy hat al in skoftke lêst fan de knibbel(wa net by SDS?). No ’t syn frou de tredde ferwachtet, stoppet Auke by it tredde en ferwachtsje wy Auke binnenkoart as tredde leider by it tredde…..
Kaarten fuort
Grutte panyk sneontemoarn yn de bestjoerskeamer fan SDS. De spilerskaarten fan SDS 3 wiene der net en nimmen wist wêr’t se wiene. Lieder Anne Brouwer hie se nedich om de kaart fan Arjan Posthmus der út te fiskjen want hij moast mei nei Ljouwert. Doe”t SDS út Easterein gie, wiene de kaarten der noch net en dêrom moast er in oare spiler mei. De kaart fan Harm Auke Dijkstra lei boppe-oan en sa koe it barre dat hij op de bank siet bij SDS 1.
Kaarten fûn
Tsjin 13.30 wiene de kaarten fan SDS 3 fûn. Dat wie nammentlik de tiid dat Jentsje Jorritsma oankaam bij de Skoalleseize. Hij hie se ferline wike mar meinommen omdat de lieder se fergetten hie.
Arjan van Putten
De hiele twadde helte rûn hij waarm bij Blauw Wit – SDS wylst it 25 graden wie. De tribune SDS-ers krige suver begrutsjen mei him en fregen him nei ôfrin dat hij it net ferfelend fûn om der net yn te kommen. Syn antwurd: “Ik er in? Ben je gek. Ik ben geblesseerd”.
Doarpsgenoat Tsjeard Halbersma(skorst) jout Arjen wat tips foar it gefal hij der yn moat.
Aldelullentoernooi
De opfallende opmars fan SDS 5 hat ek oare klups bûten Fryslân berikt. Bij lieder Klaas Okkema rolle in útnoeging binnen fan DESZ, de fuotbalklup út Zwartsluis om mei te dwaan op in âlde lullentoernooi op 9 juny. Lieder Klaas hat it fersyk yn berie.
Panna
Dirk de Jong frege him ôf wat in panna yn it Sjineesk is. Mooglik dat immen dy’t snein Sjinees (sambal bij) hellet yn Wommels, efkes de fraach stelle kin. Wij binne benijd.
Ynfalbeurt
Geert Dijkstra hie dit jier noch net folle minuten spile yn SDS 1. Sneon mocht hij yn de twadde helte opdrave foar Jacob Klaas Haitsma dy’t blesseard en teloarsteld útfoel.
Nijs?
Mail it nei ús!