Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
25 februari 2007
SDS League: 2 wykpriiswinners dizze wike!
27 februari 2007

SDS 2 futsal rekkent op jim stipe
Moarntejun wurdt de kreaker yn de 1e klasse A ferspile tusken SDS en SC Genemuiden. Dizze wedstriid kin beslissend wêze yn ‘e race om it kampioenskip en is derom ek tige wichtich. Derom in oprop oan eltsenien om de mannen fan SDS 2 te steunen yn sporthal De Greidhoeke yn Easterein! It spektakel begjint om 20.30 oere.

SDS 3 wint, mar…..
SDS 3 hat sneon mei 2-1 wûn fan Makkum 2, mar it spul wie noch net om nei hûs ta te skriuwen. It sil dan ek better moatte, want oars oan it ein fan it seizoen “net op de karre mei sigaren en bier”(klik
hjir). 

Fluitsje
Foarige wike floot Eric Braamhaar noch de Champions-League wedstryd tusken Manchester United en foar folgende wike moat hy skiedsrjochters regelje foar in jeugdtoernoai foar basisskoallen yn Frentsjer. Hy hat Douwe Dirk Reitsma as kollega-skiedsrjochter frege as dy ek 4 jeugdleden fan SDS regelje kin dy ’t op woansdei 7 maart fan 12.30-17.00 yn Frentsjer fluitsje wolle. Lytse “Eric Braamharen” yn spé sis mar. Braamhaar is sels ek oanwêzich. Wa ’t dit wat liket kin him opjaan by Douwe Dirk Reitsma(klik hjir).

Eric Braamhaar yn aksje by Ajax-AZ

Giet net troch
Fan Klaas Visser krije wij troch dat it trainen fan D2 en D3 tiisdeitejûn net troch giet.

Op de brommer

De skeidsrjochter fan SDS 2 – CVVO 2 like him seker yn de earste helte wat stiif te bewegen. Klaas Pompstra hat er wol in idee oer: de man wie op de brommer kommen. Fanút Steenwijkerwold en dat is dochs 2 oeren at de brommer net opfierd is. Dan binne je hast ferklomme dizze tiid fan it jier.

SDS League
Moarn kinne jim hjir de nije stân ferwachtsje fan de SDS League. Wy ferwachtsje in soad fan Ozzy(Hendrik Eringa) dy ’t altiten yn Charisteas sitten sjoen hat en him no dus ek wer opsteld hat.

De nije Treffer
De nije Treffer leit by de drukker. As it goed is dan kinne jim de Treffer it wykein yn de bus ferwachtsje.

Edgar Davids
Fansels wie Edgar Davids juster net sa handich mei syn 2e giele kaart. En it kloppet. It wie ek net de earste kear dat dit him oerkaam. Dochs kin hy mear as allinne skoppe(klik hjir).