Wepperkes – moandei

SDS foar Omrop Fryslân
3 oktober 2004
Wepperkes -tiisdei-
5 oktober 2004

SDS 2 wint maklik
SDS 2 helle sneon in frij maklike oerwinning fan 3-0 tsjin Noordscheschut. Hoe dit no yn ien kear sa koe kinne jimme
hjir lêze.

Kees??(diel 2)
Sjoerd van Beem woe de trainer fan SDS 1, Lykle Bleekveld, graach strikke foar in ynterview yn de folgende Treffer. It tillefoannûmer fan Lykle stiet wol yn it bewarnûmer fan de Treffer dus dat wie gau klear, tocht Sjoerd. Hy lyk belje want je kin net gau genôch wêze om te freegjen as it past. Mar wa krige hy no oan de tillefoan????………. Kees Jansen?? It docht bliken dat âld-trainer Kees Jansen noch geregeld belle wurdt troch SDS’ers om ’t syn nûmer yn de Treffer stiet efter Lykle syn namme. It is no ek dúdlik wêrom de spilers fan SDS 1 wol gauris strafrûntsjes drafe moatte. Sy belje noait op ‘e tiid ôf.

Willem 2x?
Net ien begreep sneon hoe it no koe dat Willem yniens 2 kear skoorde foar SDS 2. Wat wie der oan ‘e hân? Ek sels wie it him noch net dúdlik. Oan’t juster. Wat die no bliken? Syn heech swangere frou hat wat “nesteldrang” en makket alles skjin wat los en fêst sit. Sa makke sy foarige wike ek (foar it earst) Willems fuotbalskuon skjin. Dit hat aardich holpen. De skuon fan ôfrûne sneon binne no ek alwer skjin dus Urk 3 kin hun sneon klear meitsje. Willem sil no syn sealskuon noch efkes klear sette.

De sok fan Bauke
C3 is ôfrûne sneon wer op de foto kommen. Harren sponsor fan firma Donker kaam lâns en wat is der no leuker om mei in mei sa’n man op de foto.  (sjoch by junioren C3) Anne Hallema en Erik Booms binne de lieders fan it stel en sy woene fansels dat de spilers der goed by stiene. Dat like der net earst net op. Bauke Jelsma fan Kûbaard hie mar ien soks by him. Mei wat kreativiteit waard de skynbonkebeskermer omtovere troch wat plakwurk mei wite tape ta in echte swart wite sok. Troch de blau sok derûnder sjogge je it ferskil.

Soks soe no ek wolris wat wêze foar dy veteraan dy’t noch mei “foarloachse”SDS sokken fuotballet.

Noch in sponsor
Siep Boonstra fan American Base wist dat it sneon hartstikke drok wurde soe yn Easterein. “Dat wurde parkearproblemen,”tocht Siep. Derom kaam hy syn prachtige âlde scooter nei Easterein. In pronkje dy’t wy dochs efkes sjen litte wolle.

Alwer in sponsor
Allicht is in winkel dy’t fan alles te keap hat wat mei ljocht te meitsjen hat. Nei in brân yn harren bedriuw yn Snits wie it ljocht efkes in skofke út op dat plak. Sûnt koart kinne jim wer telâne op it bekinde plak tsjinoer de Martinetsjerke.

Net traine
Douwe Kool stiet by SDS 3 op de list mar hy hat noch net folle aktyf west. Ek it trainen sjit er wol gauris by yn. Sa is it al wis: kommende tongersdei komt hy ek wer net. Douwe spilet mei yn
teatergroep Sult en kommende tongersdei is der wer in optreden. Foar degene dy’t fan wat apart teater hâlde, soe ik sizze der hinne. Yn it âlde molkfabryk fan Sint Nyk en je sjogge in prachtige foarstelling mei Douwe as sjonger fan in band

SDS 1 nei prachtige oerwinning

De ferdediging stie as in hûs.


Floris jout driging by in korner