Wepperkes (snein)

Utslaggen 18 septimber
18 september 2004
Wepperkes (moandei)
20 september 2004

SDS4 bliuwt winnen.
Guon spilers fan SDS binne op dit stuit ynternasjonaal sportyf dwaande. Alteast dat wiene de wurden fan lieder Ids Boersma. “Omdat de para-olympiks begûn binne, hawwe wy wat te min spilers en binne dêrom bliid dat Lieuwe, Sjoerd en Douwe mei ús fuotbalje” dat wiene dizze kear de iepenings wurden dan Ids.
Ids hie mear ferrassingen yn it sin: Ype en Jacob moasten op de bank begjinne. Ype wist gelyk wêr’t it oan lei: “Tongersdeitejûn net neisitten”, (dankje wol Harm Auke) en Jacob hie it ek gelyk yn de smiezzen: “In strafskop heech oersjitte is de oorsaak”.

SDS begûn yn Ljouwert net oertsjûgjend. It like wer in drege middei te wurden, mar doeltreffende oanfallen waarden troch Roel en Folkert Rients prima yn doelpunten omsetten. Krekt foar de thee waard it 1-2. Nei de thee spile SDS de Sweltsjes hielendal fuort. Twa prachtige doelpunten wiene it gefolch. Ype krige sels kippefel fan syn eigen skitterend doelpunt en Ids kopte in foarset fan Bertus prima yn. 1-4 wie de einstân. Op de foto: Lieuwe Meijer.

 

Fergetten (1)
Ferline wike hiene wy noch in wepperke oer Tjeerd Dijkstra dy’t wat fergetten wie. Ek dizze kear kinne wy de famylje Dijkstra wer neame yn ús rubryk mei dizze kear in haadrol foar Bauke en Matty.

B1 moast yn Balk fuotbalje. Bauke rydt mei syn heit mei nei Balk ta en sjocht ta syn grutte ferbjustering dat syn tas net yn de auto sit. It mobyltsje fan Tjeerd wurdt wer oansetten en dy fan Matty giet dus oer. Want Matty, dy’t yn Snits efkes oan it winkeljen wie, waard fersocht de tas noch efkes te nei Balk te bringen. Matty, dy’t fansels hiel wat wend is mei sokke mannen yn hûs, flocht nei Easterein, nei Balk en bringt krekt foar de twadde helte de tas yn Balk.

Sa koe Bauke dochs noch in helt fuotbalje. Altemets at syn fuotbalskuon yn dy tas sieten. Dat wie net it gefal. De sportskuon sieten der yn. De famylje Dijkstra in leuke dei nei Gaasterlân mar fuotbaljen wie der foar Bauke net by.

 

Fergetten (2)

In broekje ferjitte, de skuon ferjitte of de hiele tas ferjitte it is allegear neat by wat B2 oerkaam. Sneon moasten se nei Nijlân en omdat er net in fêste lieder is giet it soms net allegear hielendal goed. Doe’t de ploech fanút Easterein fuortgien wie en oankaam yn Nijlân en it ynskoppen begjinne soe, waard de dochs wol wichtige fraach steld: wêr is ús doelman. Gert Jan Rienstra stie yn Wommels by it kafé te wachtsjen dy wiene se gewoan fergetten. Harry Strubbe hat him der gau noch efkes hinne brocht.

 

Doelpunten (1)

Mar 9 doelpunten skoorden de 5 seniorenalvetallen. Dat is net folle, mar levere dochs 3 oerwinningen en 2 gelike spullen op. Sjoch foar de totale topskoorderslist by senioren.

 

Doelpunten (2)

Mei 15-0 winne kin besjoen wurde as in opmerklike skore. Dat fan dy 15 doelpunten der 9 makke wurde troch ien spiler is fansels hielendal opfallend. Pieter Sytsma fan de Roede yn Wommels wûn mei syn F2 ploech mei 15-0. Hy skoorde sels 9 kear.


5-0 en net 0-5
SDS F1 hat juster mei 5-0 ferlern fan Heerenveen en net mei 5-0 wûn sa as ús útslagen earst fermelden. Sy hawwe fan ‘e wike foar de beker al wûn. Sy fersloegen Nijlân mei 2-1.

Dik oan ‘e piep
SDS C1 krige juster in flinke optetter yn Snits. Sy ferlearen mei 9-1 fan WZS. Hjir wie de trainer en de leider net sa wiis mei. Klik hjir foar it ferslach.

Clarence-sluier klassemint

Sa’t wy dizze wike al melden stean der al trije man yn it klassemint fan dit jier. Jappie Wijnia, Roel Sybesma en Jacob Plantinga misten in strafskop. Jacob hawwe wy ûnderwilens al op de foto setten. De oaren komme ynkoarten.

 

Ljochtmêsten.

It wie net samar in ferhaaltsje. Nee, de ljochtmêsten steane teplak op it fuotbalfjild yn Wommels. 4 mobile mêsten kinne fanôf moandei brûkt wurde. Der komt ek noch in kontainer by foar it materiaal.

 

Mochten er noch guon wêze dy’t noch mear nijs hawwe, dan heare wy dat graach op info@vv-sds.nl . De kâns is dêrom grut dat er hjoed noch wol wat by komt.