Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
16 december 2007
SDS League: Team Toering pakt wykpriis!
19 december 2007

KNVB-Krysttoernoaien
De programma’s foar de KNVB-Krysttoernoaien foar de A1, B1, C1 en D1 binne bekend. Klik hjir om se te besjen. It is in Excell-bestand. Hy iepent op it programma foar SDS A1. Linksûnder binne de programma’s fan B1, C1 en D1 te finen. Mochten de leiders fragen hawwe dan kinne sy terjochte by Anco Elgersma.

Winterstap SDS 3
De spilers fan SDS 3 gienen(diels mei oanhang) ôfrûne sneon nei Littens om dêr de winterstop te fieren. Sa ’t wy went binne fan SDS 3 krigen wy ek hjirfan in ferslach. Dit kear is it skreaun troch Bauke Dijkstra. Dus as jim alles witte wolle oer wa ’t der op de fyts nei Littens gie, oer pine yn ‘e holle, oer wêrom de froulju mei winenen, oer lekker iten en noch folle mear klik dan hjir.

Gjin sealtrainen
SDS B1 hat tongersdei gjin sealtrainen.

Gjin ELF
De KNVB lit ús witte dat sy net efter de aksje fan fuotbalblêd ELF steane om efter de rêch om fan de KNVB abonnementen te ferkeapjen. Mochten je as KNVB-lid dus hjir oer belle wurde dan hat de KNVB hjir neat mei te krijen.

SDS League
Hooplik kinne wy hjoed of moarn de nije stân opmeitsje en kinne jim dy hjir besjen. De webside dy ’t wy folgje om it klassemint opmeitsje te kinnen hat op dit momint wat problemen. Wy hoopje dat dit gau wer oplost is, want wy binne wol benijd.

Sânkastelen
Dirk-Yde Sjaarda is drok dwaande west mei sânkastelen boue en giet no sânhappen(kitesurfen). Sjoch hjir om te lêzen wat der noch mear allegear belibbet Down Under.

Fuotbalhumor
Hjir in pear sterke staaltsjes fan “fuotbalhumor”(klik hjir).