Wepperkes -moandei-

Wepperkes -sneon-
20 oktober 2007
SDS League: Sing Song Ling pakt de wykpriis!
23 oktober 2007

Kantine is iepen
Sûnt sneon kinne alle SDS-ers wer telâne yn in waarme en noflike kantine. Wij kinne helaas gjin ferslach dwaan fan de offisjele iepening, want dêrfoar wiene wij net útnoege.
Wol útnoege wiene
Jaring Rispens en Henk Bootsma. Sij hawwe fêst wol wat foto’s makke.

Gouden aaien
Klaas Molenmaker (SDS 5) is in fokker fan goeie hinnen. Sûnt sneon hat hij in hin mei gouden aaien, tinke wij. Sjoch
dit berjocht.

Fideo bylden
Fansels begong Louis van Gaal (nei it bûtenspul doelpunt fan Alves) wer oer fideo kamera’s bij it fuotbal om oan de hân dêrfan in doelpunt wol of net goed te karren. Dat soks noch gjin garansje is die sneon bliken bij de rugby-finale. De fideo referee hie lange tiid nedich om te bepalen at in trij wol of net jildich wie. Uteinlik besliste hij fan net. De kranten yn Ingelân sprekke der skande fan en begjinne al oer in
twadde fideo-referee. Sij seagen wol in jildich doelpunt.

Treffer
De kommende wike binne wij wer drok dwaande om kopij bijelkoar te skraabjen foar de kommende Treffer. Hawwe jim noch wat lizzen, mail it dan nei
ús adressen.

Ut it gips
Floris Hiemstra hat syn earm wer út it gips en it liket fierder net sa min hawwe wij begrepen. Hij kin yn alle gefallen maondei wer lekker oan it wurk.

SDS League
Der waard it wykein net folle skoord yn de eredivysje. Wy ferwachtsje dan ek net dat der teams binne dy ’t it wykein in soad punten pakt hawwe. Moarn kinne jim hjir de nije stân besjen.

Nederlandvist.nl
Foar de famylje Postma is ien ding wis,
as der gjin fuotbaljen is,
dan geane se út op grutte fis(klik hjir).


Streaker
It begie fan ’t simmer op de Freule, mar it fenomeen “streake” is no ek al populêr yn België(klik hjir).

File
Dirk-Yde is der efter kommen dat je net allinnich yn Nederlân lêst fan files hawwe kinne(klik hjir).