Wepperkes -snein-
16 november 2007Wepperkes -tiisdei-
20 november 2007In BAS-goal
Erik Haitsma skoorde sneon foar SDS 1. Robert Sybesma soe yn de kantine útlizze hoe ’t Erik de goal makke en soe in hiel ferhaal ôfstekke. Hy koe it allinnich koart hâlde troch te sizzen dat Erik in “BAS-goal” makke. Bas van der Weij wist lyk wat Robert bedoelde. Witte jim it ek? Doch mei oan de poll(klik hjir).
C1 bliuwt winnen
Mei C1 giet it noch altiten prima. Ek dizze kear hat Ab wer in ferslach makke en jim kinne it hjir lêze.
SDS 3 swier ûnderút
Opskuor bij de wedstryd SDS 3 – QVC 2. Jim kinne it allegear lêze yn it ferslach fan doelpuntenmakker Bote.
Beker-/ynhelprogramma
Kommende sneon is der in beker-ynhelprogramma. SDS 1 hoecht net, mar in hiel soad oare teams al. Klik hjir foar it programma.
Ek yn Snits
Oan kommende tiisdei 20 Novimber organiseert Aktie Sport foar 1 kear in freonen en famylje jûn.
Sjoen it feit dat wa dit lêst besjoen wurdt as maat/ freon/ famylje, bin jim fan herte wolkom tusken
18.00 en 21.00 oere. Spesjaal foar jim 25 % koarting op it hiele assortiment.
Het is nu of nooit!!
Ik sjoch jim wol ferskinen op de Wirdumerdyk 5a yn Ljouwert.
Groetnis Gerard
(ps:kofje stiet wol klear)
En fansels kinne jim ek te plak by Aktie Sport yn Snits, Oosterdijk 29. Gr.
Skitterend
Foar ús ien fan de moaiste filmkes dy ’t der is. Wy witte net as Anne Brouwer ek sa goed koppe kin. It soe oars noch wolris fan pas komme kinne(klik hjir).