De tiid hat stil stien
Sneon stie der in nijsgjirrich artikel yn de Ljouwerter Krante oer de rubryk “gehoord en gezien”. Der stiene wat foarbylden bij fan eardere tiden en ien dêrfan kaam út 1966.
SDS 5 nei Aris
Woon Aris, de basketbal klup út Ljouwert hat sneon al wer ferlern. Ek mei dy Ljouwerter ploech giet it dus net goed. Yn 2007 hawwe se noch net ien kear wûn en dat seit wat at je twa kear yn de wike spylje moatte. Om út dizze negative spiraal wei te kommen hawwe se help ynroppen fan Klaas Okkema. Hij sil kommende sneon mei syn SDS 5 Aris de helpende hân biede en de ploech nei in oerwinning roppe.
Geruggie
Foarige wike melden wy dat Skelte Anema miskien fertrekke soe nei vv Warga. Hjir wie lokkich genôch neat fan wier sadat Skelte sneon gewoan skore koe foar SDS 1.
Sealtraine
Ek dizze wike is der wer sealtrainen foar de jeugd. De folgende alvetallen en trainers wurde ferwachte.
F4/F5 | 5-feb | 16,00UUR | ANDRE VINK |
F3 | 5-feb | 17,00UUR | BAUKE DIJKSTRA |
E3 | 8-feb | 17,00UUR | JAN SIMON JELSMA |
E4 | 8-feb | 17,00UUR | JELMER DE BOER |
F1 | 9-feb | 17,00UUR | SAMME OVERAL |
F2 | 9-feb | 17,00UUR | CHRISTIAN |