Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
4 februari 2007
Wepperkes -woansdei-
6 februari 2007

Schelte Anema hast it goudhoantsje
At je sneon net yn Damwâlde west hawwe en je soene dochs graach witte wolle hoe’t it sa kommen is dat SDS 1 dêr in punt fertsjinne hat of der twa ferlern hat, dan kinne jim
hjir sjen.

It giet oan!
Op freed 24 augustus om 19.00 sil der op de Skoalleseize in wedstryd wêze tusken Wommels en Easterein. De organisaasje sil yn hannen wêze fan Klaas Okkema, Anne Brouwer, Freddy Scheltema en Willem Wijnia. Justerjûn hawwe sy om tafel west mei Douwe-Dirk Reitsma en is der grien ljocht jûn. Wy hoopje der in machtige jûn fan te meitsjen.

24 augustus sille wy sjen wa ’t wint…….

De beker
Noch mar ien SDS ploech docht mei yn de beker. Futsal 1 mei woansdeitejûn spylje tsjin
Futsal Winsum 1. De Viboa Boys dus. Fansels komme jim efkes lâns om te sjen nei dit bekerduel. It begjint om 20.30 oere.

Op nei de Kuip!
Op snein 22 april is it safier. Om 10.00 sil der dan in bus fertrekke by SDS wei om te fertrekken nei Rotterdam om dêr de wedstryd tusken Feyenoord en NEC te sjen. Wa ’t mei wol moat der gau by wêze(klik hjir). De teller stiet ynmiddels op 25 persoanen. Der is no noch plak foar 9 persoanen.

Der passe oars hiel wat yn.

Alde spilerskaarten
Ferline wike
woansdei waard Sipke Hiemstra wol gauris oansprutsen oer de krease foto op de spilerskaart fan earder. Mar Sipke moast hieltyd útlizze dat net hij dat wie mar syn neef Sipke Siem. “Us Sipke” wist net folle oer de fuotbalkwaliteiten van Sipke Siem te fertellen. Mar wa wol? Mail it ús.

SDS League
Sneon is it de lêste dei om jim nije team foar de SDS-League yn te leverjen(klik hjir). Ferjit it net!

Dunk
SDS 5 moat sneon de helpende hân biede oan Aris, de basketbal klup út Ljouwert. De mannen fan Klaas Okkema wiene moandeitejûn oan it trainen op de
dunk en wij wiene der bij.