Tom, Pieter & the Heartbreakers pakke wykpriis!

Wepperkes -moandei-
16 oktober 2006
Wepperkes -tiisdei-
17 oktober 2006

Pieter Kamstra nimt ôfstân fan it earste plak en makket plak foar Hey Ho Let’s Go(WW).


Tom Pieter and the Heartbreakers hawwe dizze wike mar leafst 45 punten. Sy pakke hjirmei de wykpriis en geane fan 12 nei 3. Dit is it team wêr ’t sy de wykpriis mei winne:
Roorda(GRO), Wisgerhof(NEC), De Fauw(ROD), Cornelisse(UTR), Verhaegh(VIT), Sneijder(AJA), Hofs(FEY), Bakircioglu(TWE), Arveladze(AZ), Alves(HEE) en Farfán(PSV).

Tom, Pieter & the Heartbreakers bliuw dizze wike The Bundy Squad fan Sjoerd van Beem krekt foar. Foarige wike pakte Sjoerd de wykpriis en no sit hy der krekt ien puntsje nêst. Wol giet hy fan 13 nei 4.

Marco Hoekstra is hielendal it spoar bjuster mei syn “AAS”. Hy begie op it earste plak mar sakket hieltiten fierder fuort. No giet hy yn de 4e wike fan 36 nei 62…….

De koach fan “Klussen is mijn leven”(AFdB) stekt dúdlik te folle tiid yn ’t klussen en taalt net mear nei it fuotbaljen. Hy sakket fan 69 nei 72.

Team Kooistra(Hans Kooistra) docht dizze wike knappe saken. Mei Denneboom(NEC) yn de basis pakte hy 33 punten en nimt ôfskie fan it lêste plak.

By De Pyromaan(Ralph Wariman) mei der wolris wat mear fjoer yn ’t spul komme. Mei mar 8 punten dizze wike sakket hy nei it lêste plak. Wy ferwachtsje de kommende wiken mear fjoerwurk.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 4.