SDS 3 pakt de triid wer op
SDS 3 hat juster mei 1-0 wûn út fan AVC. In knappe prestaasje fan dizze mannen. Klik hjir foar it ferslach fan “good old” Remco Bervoets oer in S.M.-wykein, Jan sturt, te let kommen, djoere hobbys en noch folle mear.
SDS E1 yn aksje
E1 helle sneon in goeie 5-1 oerwinning tsjin Zeerobben E2. Foaral nei it skoft wisten se goed om te gean mei de kânsen.
Moai foto waar
It wie sneon wer kreas waar. Op wei nei in webside mei alle alvetalfoto’s binne der sneon wer hiel wat kykjes bijkommen:
B1, D1, D2, E1 en E2. Sjoch bij junioren en sykje it team op.
It fotomeitsjen fan A1 gie net troch, want sij woene de konsintraasje foar de wedstryd net fersteure: fandêr wierskynlik de 0-2 efterstân!
Doelpuntenmakkers
Iensume lieder fan it doelpuntenklassemint is Ype Tiemersma. Hij skoorde 4 kear foar SDS 5. It totale klassemint kinne jim hjir fine.
SDS F3 wint maklik
Fan Jos Wijnja krigen wij in ferslach fan SDS F3-YVC F3: Wij hebben van ijlst gewonnen met 10-2.
Pieter heeft 7 doelpunten gemaakt.
Roan heeft 1 punt gemaakt.
Tjerk heeft ook 1 punt gemaakt.
En Wietze ook 1.
het was heel leuk.
Van Jos Wijnja