Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
26 mei 2007
Wepperkes -tiisdei-
29 mei 2007

Nije keepers?
It rint sa stadich oan nei 1 juny en SDS sit noch altiten net rom yn de keepers. Wy binne benijd as der noch in nije keeper by komt.

Treffer
13498 wurden, 58160 tekens, 2938 alinea’s en 3944 rigels. Dat levert 44 siden Treffer op. De Treffer is klear en is al nei Hanzedruk maild. Jim hoege neat mear oan te leverjen.

Gjin prizen
De fuotbal leit no echt yn it berchhok, sadat wij no echt sa no en dan ek nei it keatsen sjen kinne. Op it NK yn Frjentsjer diene hiel wat SDS-ers mei, mar it resultearde net yn prizen. Itens, Weidum en Spannum ferlearen yn de earste omloop, Easterein en Wommels yn de tredde.

It lêste wedstrydferslach
Fan Remco Bervoets krigen wij it lêste
fuotbalferslach fan dit seizoen. De beslissingswedstryd fan SDS 2.

Live te folgen
Sa’t jim witte is hjoed de 11stêdentocht op de fyts. Hiel bysûnder is dat er in lisfytser (nee, net Aant) meidocht dy’t live te folgen is hoe fier hij is. Fia Google kinne je sjen wêr’t hij is. De technyk stiet foar neat.
Sjoch
hjir