Wepperkes -freed-

SDS League: The Butchers pakke de wykpriis!
21 december 2005
Wepperkes -sneon-
23 december 2005

Noch in jier
It haadbestjoer fan SDS wit ús te melden dat sy tige wiis binne dat Marcel Frankena foar in jier bytekene hat as haadtrainer by SDS.

Marcel plakt der noch in jier oan fêst.

Krysttoernoai Frjentsjer
De sealfuotballers fan SDS 2 dogge mei oan it krysttoernoai fan Frentsjer. Jûn binne de earste
foarrondes. Dit is it programma foar SDS:
18.45     SDS – H.B.M
19.11     Titan – SDS
19.50     SDS – ’t Park
20.16     SDS – Coop Tolsma
21.21     SDS – Kl. Beurs

Mei nei Frentsjer
SDS 2 spilet mei de folgende spilers yn Frentsjer: Marten Faber, Tjeerd Breeuwsma, Jacob-Klaas Haitsma, Tsjipke-Klaas Okkema, Willem Wijnia en Dirk-Yde Sjaarda. It is noch net wis at Skelte Anema wol meidocht. Hy hat noch wat lêst fan syn ankel.

Sealtoernoaien jeugd
Fan ’t winter binne der foar de jeugd wer allerhande sealtoernoaien. Ûnder agenda en junioren kinne jimme de data’s fine fan de sealtoernoaien. Moarn is it krysttoernaoi foar D-pupillen fan 9.00 oan ’t 13.00 yn de sporthal yn Easterein.

Sealkeatse
Trinus, Bertus, Eeltsje en Aant binne de 4 SDS-ers dy’t moarn keatse yn de sporthal yn in kombinaasjewedstryd mei Wommels/Lollum. De komplete list stiet op www.freuledei.nl
 
Ulbe (1)
It sykjen fan de efternamme fan Ulbe, seleksjespiler bij Sc Heerenveen yn juni 1981 yn de wedstryd tsjin de Graafschap begjint no slachtoffers op te leverjen. Want der binne guon dy kinne der net fan sliepe, rinne al bij in psychiater of hawwe harren al oanmeld foar it peteargroep. Dêrom geane wij no oer ta it bekindmeitsjen.
 

Ulbe (2)
No’t jimme witte dat it Ulbe Buwalda is, witte wij noch neat. Wa wie Ulbe Buwalda, bij hokker klup kaam dy wei? wie it in jeugdspiler?
Yn ús eigen grize geheugen sit iets fan : hij kaam út de buert fan Dokkum, mar is dat wol sa?  Wij witte it echt net en hoopje dat immen ús no helpe kin. Want oars sliepe wij ek net mear.

Ulbes efternamme
Wy koenen mar net efter Ulbe syn efternamme komme dat wy besletten om ’t hjir ris tusken te sykjen. Wy kamen syn namme net tsjin(sjoch hjir).

Liftster
Juster koene wij al melde dat der in sânde koppel bijkommen is. Yn koalysje fan it CDA en de FNP. Nei’t earder it CDA al in izer sterke persoan nei foaren skood hie (Bram), is de FNP dêr no ek yn slagge harren sterkste troef op te jaan (Beitske )
  en .
Yn de ringongen wurdt al sprutsen fan it Bêd&Breakfast team.

Nije boksen
Marcel Frankena wit ús te melden dat Feite de Haan nije boksen yn syn auto hat. Sjoch mar ris(klik hjir).



Letter hjoed mear nijs fan de aktiviteitenkommisje fan SDS oer bygelyks de snertrin.

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!