Evenementen in november 2022

SDS League: Atletico Ananas(D.K.) pakt wykpriis!
6 oktober 2005
Seleksjes foar sneon.
7 oktober 2005

In kaartsje 
Appie is hjoed jierdei. Jammer genôch moat hy dit fiere yn it sikehûs fan Snits. Lokkich genôch giet it hieltiten wat better mei him. Stjoer him in kaartsje! De kaart moat nei:
A. Posthumus
Antonius Ziekenhuis
Afdeling D0  Kamer 65 / 1
Bolswarderbaan 1
8601 ZK   Sneek

SDS-boks

It sjit aardig op mei de ferbouwing fan de klaaiboxen.
De tegels sitte der no yn en at de flier it talit komt niie wike de toplaag fan de flirren der yn. Dan nog in wike ofmontere en der binne twa niie boksen klear. Werunder in echte SDS thusboks yn de kleuren fan de klub.
Bestjoer stifting “Skoalleseize”

Kreaker
It is moai dat er sneon safolle minsken nei Noordseschut geane om 6 punten op te heljen. Der moatte ek wat minsken efterbliuwe om SDS A1 nei de earste oerwinning te roppen. Kommende sneon is koprinner Zeerobben op besite. It begjint al om 14.00 oere (?). Komme dus!

Bus
Der kinne sneon noch 5 man mei yn de bus nei Noordscheschut. Wa ’t mei wol kin skilje nei Anne Brouwer: 331836. De bus fertrekt sneon om 10 oere.

In folle neef fan wa?
Dit stie der op de webside fan HZVV 2 oer de wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin SDS 2:
SDS nam op zijn eigen ongemaaide kleiveld namelijk brutaal de leiding door een treffer van een volbloedneef van John de Wolf (1-0)……………
Hjir witte wy neat fan.
Klik hjir om it hiele ferslach te lêzen.


Letter mear!