Wepperkes -freed-

De seleksjes foar sneon.
9 september 2005
Utslaggen 10 septimber
10 september 2005

Futsal: SDS 1 op it lêst dochs noch ûnderút.
SDS 1 hat fannejûn mei 4-3 ferlern by Exstador yn Harns. It wie wat in sneu ferlies om ’t Exstador de 4-3 pas yn de lêste sekonden makke.
Dat it dreech wurde soe dêr wienen de SDS ‘ers foar de wedstriid al wis fan. Foarig seizoen ferlear SDS 1 noch mei 7-3 yn Harns en dit seizoen wolle de Harnsers graach kampioen wurde. Sy hawwe inkelde nije jonges oanlutsen(trainer Jeffrey Snel, Michel van der Ploeg en Evert Tolsma û.o.) en binne al 6 wiken oan it trainen. Doch begie de wedstriid foar SDS net gek. Exstador makke it spul en SDS spile op de counter. Willem makke de earste goal mar dizze waard ûnterjochte ôffluite. Efkes letter makke Willem al 1-0 doe ’t hy in skot fan Skelte fan rjochting feroare. SDS waard efterút drukt mar Exstador krige net folle útspile kansen. Troch in ûngelokje waard it 1-1. In skot kaam earst by Anne op ‘e foet en doe by Skelte op de rêch wêrtroch Jan-Simon gjin kans mear hie. Noch net in minút letter waard it sels al 2-1 foar de Harnsers.
De twadde helte bleaunen de Harnsers it spul meitsjen. 
SDS kaam op 2-2 troch in skot fan Willem en SDS like mei in puntsje nei hûs te kinnen. De lêste 6 minuten waard it publyk in spannende wedstriid bean. Exstador in reade kaart, SDS oanfalle, Harnser komt der wer yn giet allinne op Jan Simon ôf en……Jan Simon read. Tsjipke op ‘e goal, ien skot, 3-2. Jan Simon der wer yn, oanfal SDS en Feite makket 2 minuten foar tiid 3-3. Dochs gie it yn de lêste minút noch mis. De bal gie by SDS nei foaren, tefolle man foar de bal en Exstador skoort út ‘e counter. Foar de taskôgers in prachtige pot. Foar SDS in desepsje…..
Woansdei 14 septimber moat SDS 1 om 20.00 oere thús tsjin Old Forward.   

Bal(len) op ‘e peal!
In bal op de peal kin gebeure fansels. Yn dit gefal wurdt it allinne wol in pynlik saakje(klik hjir).

Lieder F4 pakt it serieus oan
Eddy de Boer, de fierstente betide stopte spits fan SDS 4 is no lieder fan F4. Tongersdeitejûn gie hij krekt as in oantal oare lieders efkes nei de kantine. Der wie net folle te oerlizzen want jeugdlieders hawwe dy tradysje noch net. Hy liet ús wol witte dat hij de nammen fan syn spilers út de holle koe.
“Kinvehe, Kinvehe”, sei hy hieltyd. It die bliken dat hij noch wat muoite hie mei de namme fan syn Chineeske oanwinst. Ja krekt fan de Happy Family.

A 1 hâldt SDS 3 op gelykspul
A 1 komt hieltyd mear op dreef. Tongersdeitejûn joegen se SDS3 goed tsjinstân. Nei in enerfearende wedstryd wêr’t fan alles barde kaam de einstân fan 3-3 op it boerd. Mooglik dat er noch in echt ferslach komt fan in eachtsjûge.

Net sneon, mar moandei.
SDS C1 spilet net sneon, mar moandei yn en tsjin Frjentsjer foar de kompetysje. De wedstriid stiet om 18.30 en sy geane 17.45 by de sporthal yn Easterein wei.

A2 hat lieders
A2 hat krekt foar de kompetysje no ek lieders. Greetje Bruinsma nimt de lieding fan dit alvetal en sy docht dat mei help fan Durk Okkema. De lêste sil him foaral mei it technysk en taktysk diel bemouie. Durk soe sels wer fuotbalje mar sjocht it earst noch efkes oan en traint foarloapich allinne.

Foarbeskouwing www.topamateurvoetbal.nl
Staphorst – SDS
Staphorst stelde vorige week enigszins teleur door twee punten te laten liggen in Bergum. Op papier krijgt de ploeg van trainer Marius Hendriks een goede gelegenheid om weer in de winning mood te komen, want in SDS treft het een tegenstander die vorige week in eigen huis nog dik klop kreeg van HZVV. Onderschatting lijkt echter de grootste vijand voor Staphorst want SDS zal niet naar Staphorst komen om fris en vrolijk aan te vallen. Staphorst zal de Friezen met een hoog baltempo kapot moeten spelen om tot een goed resultaat te komen. Toch heb ik voldoende vertrouwen in een goede afloop voor Staphorst, ik vul een 1 in op het totoformulier.


Letter hjoed mear

Ha jim noch nijs maile kin nei ús