Wepperkes -freed-

Seleksjes SDS 1 en ONT 1
4 februari 2005
Wepperkes -sneon-
5 februari 2005

Futsal
Dizze wike wie der net folle sealfuotbal. SDS 2 en 3 wienen frij. SDS 1 spilet jûn om 22.00 oere yn Stiens tsjin Avanti.

Seleksje SDS 2 sneon
SDS 2 giet moarn mei de folgende spilers nei Stjinwyk:
Marten, Jeroen, Frank, Harm-Auke, Dennis, Arnold, Pieter, Stefan, Jan, Gerlof, Jos, Anne, Ruurd, Robert, Anco en Jentje.

Skeint
Der binne sneon in stik of wat SDS ‘ers net om ’t sy skeint binne. Sa misse wy û.o.; Gert-Jan(ljisk), Feite(ankel), Henk(ankel), Jeroen(ferf-earm)Gerrit H.(gitaarearm) en Gerrit T.(winterteanen). Fierders misse wy noch Skelte (oan ‘e Glühwein), Willem(konten waskje), Syb(komkommers skrobje) en Liuwe(bûtenom ferfje). Pupillen fan ‘e wike binne der sneon ek net. Miskien te Peasaai sykjen??

Oefenje
SDS 4 oefent moarn ús tsjin CSL. Om ’t der safolle spilers fan SDS 3 mei it 2e meigeane sil de oefenwedstriid tusken SDS 3 en Nijlân wol net trochgean.

Moaie webside
CSL hat krekt in nije webside. Dizze is tige de muoite wurdich. Sjoch ek ris(klik hjir). Fansels stiet der ek by ús “links”.

Wa binne dit?

Dit binne fansels Jan de Jong mei (de doe noch lytse) Robert Sybesma.
Dizze antwurden krigen wy binnen:
“Dat it Jan de Jong(Jan Casper, foarhinne Jan Spar) is sjoch ik oan de tegels op de flier (hihi)en dat it Robert is, teminsten dat tink ik, sjoch ik oan it tillen fan it kuorke (doe al sterk)”.
Hinke Kuiper
“O
p de foto staat hendrik de jong met zijn vader jan de jong”.

Groeten Ruurd Boorsma
“Ik herken Jan Spar en it kin hast net oars wêze dat it Gerrit Terpstra is. Ek doe wie der net by de griente en fruit wei te slaan“.
Gr. Aant
“Dit is myn leave freontsje fansels, ik herken him drekst mei syn undochese kopke! Hy hellet boadskippen foar mem by Casper, dus Jan de Jong stiet der neist!” 
Groetnis fan Wiepkje.