Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
4 februari 2005
Wepperkes -snein-
6 februari 2005

SDS en ONT mar in heal oere yn aksje
Skiedsrjochter Piet Osinga rekke nei in goed heal oere blesseard en moast de wedstriid stake. It like in swypslach en fierder fluitsjen wie net mooglik. De stân wie 0-0 en echt grutte kânsen wiene der net west. ONT skeat in kear hurd neist en Remco Brouwer moast in driigjende bal oertikke. Dêr tsjinoer stiene in twatal frije trapen fan SDS tichtby it doel, dy’t troch Tsjipke Klaas en Floris net benut waarden.
It ferhaal giet dat de wedstriid útspile wurdt en net oerspile.

De ôftraap


Old fellows never die….

Wedstrydbyld

De blessure

SDS 2
SDS 2 hat fannemiddei yn Steenwijk tsjin Olde Veste mei 3-0 ferlern. Neffens de ferhalen wie SDS 2 ‘kansloos’.

SDS 4
Sy hawwe it opnommen tsjin CSL. SDS 4 hie net folle yn te bringen en ferlear mei 6-1.

B1 ferliest topper
Bi hat fan’e moarn de topper tsjin jv Bolsward mei 2-1 ferlern. De Eastereinders en oaren kamen foar mei 0-1 troch in doelpunt fan Ralph Wariman. De Boalserters wiene iets better en hawwe fertsjinne wûn.

SDS B2 – SDS C1
In nuttige oefenwedstriid. mei in ferrassende einstân. 4-5 foar C1. By B2 waard in strafskop mist, sadat wy moarn wer in foto sjen litte kinne fan strafskopmisser.

Futsal: SDS 1 swier ûnderút
SDS 1 gie juster mei 7-2 ûnderút tsjin Avanti 2. Yn Stiens waard wat flatteard ferlern al wie Avanti al de bettere ploeg.
SDS kaam nei inkelde minuten mei 1-0 foar troch Willem. Hjirnei die SDS in stapke werom en liet Avanti komme. SDS liet Avanti wat te fier komme mar koe it lang hâlde. Nei 20 minuten stie Avanti dochs 2-1 foar troch lytse foutsjes fan SDS. Harm makke 2-2, mar foar de rêst kaam Avanti noch 3-2 foar.
Yn de twadde helte gie SDS der bovenop. Avanti koe de bal net mear kwyt. SDS krige wol kansen mar koe net skore. Yn 5 minuten wie de wedstriid foar SDS spile. De skiedsrjochter liet in frije traap fan Avanti ûnterjochte oernimme dy’t de 4-2 betekene. Efkes letter moast SDS in penalty hawwe. De skeids woe hjir neat fan witte. Anne en Willem lieten him wat te dúdlik witte it hjir net iens mei te wêzen en mochten op de strafbank. Úteinlik waard it noch 7-2.