Wepperkes -freed-

Futsal: SDS 2 kampioen!
19 april 2007
Seleksjes sneon
20 april 2007

Aanst yn factor freed
Us redaksje lid Silvia Hania hat mei in kompanjon (Annie Schilstra) it buro Aanst. Wat sij krekt dogge dat kinne jim jûn sjen yn Factor Freed op Omrop Fryslân. Fanôf kertier oer sânen sil Annie Schilstra útlis jaan. Ek oan tafel sit Joop Braakhekke. Dat is fansels minder leuk.

Derop út
De sealfuotballers fan SDS 1 sille der moarntejûn op út. Reden om feest te fieren hawwe sy net echt. Oan ’t no ta binne de útslagen fan dizze wike net yn it foardiel fan SDS(klik hjir).

Wedstryd sponsoren
SDS 1 spilet sneon de lêste thúswedstryd. Ek no binne der wer twa wedstrydsponoren dat binne:
Café Restaurant it Reade Hyndervoor een avondje uit. Jij kunt er terecht om lekker te eten; de keus is dan aan U. A la carte een Plate of toch liever een Pizza of een pannenkoek. Ook voor de lunch of een lekkere hap tussendoor bent U van harte welkom. Bij een beetje mooi weer kunt U al op het windvrije terras terecht ook kun jij er biljarten of gewoon een pilsje aan de stamtafel drinken. Verder heeft It Reade Hynder voor feestjes de beschikking over een indoor midgetgolfbaan en kunt U er terecht in hun slijterij voor alle dranken. Een veelzijdig café restaurant waar Henk en Adriana jullie van harte uitnodigen. Voor meer informatie www.itreadehynder.nl
Enno Bruinsma folget SDS sûnt 1947 en hij folget SDS net allinnich mar docht ek aktyf mei. Eerst as spiler letter as foarsitter en de leaste jierren as frijwilliger bij de moandeitemoansploeg welke elke moandei alles wer opromje en skjin meitsje.

SDS Futsal 3
Woansdeitejûn hat ek SDS futsal 3 de kompetysje ôfsluten. In 3-10 oerwinning tsjin Cafe Coby of te wol Friesland 5.
Opmerklik feit: bij de tsjinstanner wie in jonge dy’t spesjaal út Amsterdam kommen wie om dochs de leste wedstryd mei te fuotbaljen. Helaas wie syn pas net oanwêzich en de skiedsrjochter woe sels foar dat ferhaal net om lyk. Hij mocht net meidwaan.

Seleksjes
De seleksjes komme yn de rin fan de dei op de side. Wij moatte it allegear noch efkes ferwerke want der binne opfallende blessurefrije saken oan de hân.

Ferlingd
Ek takem jier wurde de trainingen fan SDS 4, 5 en 6 wer dien troch Sipke Hiemstra, sa liet hij ús sels witte.

Gelykspul
SDS 5 en 6 striden juster wer foar de trainingspunten. Ald en jong holden elkoar yn lykwicht. Beide woene se in partij en wie der in lykspul. PvP koe it mar min fertarre dat âld krekt dy lêste partij wûn. Want op ien oare wize bliuwt dat it langst hingjen.

Kotse
Its is sa maklik om in ferslach te skriuwen en dêrbij je sels op te hemeljen en de tsjinstanner en alles wat dêr mei te meitsjen hat te besmodzjen. Yn Hoogeveen sit sa’n figuer en hij sil der foar soargje at jim
dit ferslach  lêzen hawwe, dat jim gelyk de kotsbak opsykje. Betterskip.

Oeverzwaluwen-SDS
Omdat Klaas Okkema takem jier nei dy klup út Koudum giet, wurdt fansels no ek oer dy klup praten yn de kantine. De kommende wiken moatte, te begjinnen bij moarn, der noch 3 alvetallen it opnimme tsjin de Koudumers. SDS1, SDS 3 (tiisdei) en A1.
Wij gokke op 9 punten.

Skorst
A1 komt ek wat krap yn de spilers te sitten. Twa spilers, Redmer en Sybren binne ien wedstryd skorst nei trije giele kaarten.

Messidona of Messias?
In goeie tip krigen wy fan sawol Jaap Toering en Jildert Hylkema. Dizze goal sille jim yn de kommende jieren noch faak te sjen krije, mar dan kinne jim sizze dat jim de goal hjir foar it earst sjoen hawwe. Jaap hat it oer Messias en Jildert oer Messidona. Sy hawwe it beide oer in WERELDGOAL!!!(klik hjir)

Letter mear!

Nijs?
Mail it nei
ús!