Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
12 april 2007
Seleksjes -sneon-
13 april 2007

Seleksjes
Fanmiddei kinne jim hjir de seleksjes fine fan SDS 1, 2 en 6.

Oare seleksjes?
Jim freegje jim fansels ôf wêr ’t de seleksjes fan SDS 3, 4 en 5 dan bliuwe. Dat sit sa:
SDS 3 hat te folle spilers en de leiders Lieuwe Meijer en Wichard Deinum kinne mar gjin kar meitsje oer welke fuotballers sy no meinimme moatte.
SDS 4 hat wer te min spilers.
SDS 5 hat genôch spilers, mar no hat tsjinstanner AVC wer te min.
SDS 3, 4 en 5 geane dus net troch!

Opstelling SDS 1
Om âld-SDS-trainer en no trainer fan Blauw-Wit’34 foar de wedstryd fan moarn wat op in dwaalspoar te bringen komme wy fanmiddei mei 3 mooglike opstellingen fan SDS 1 tsjin Blauw-Wit. Hy mei sels betinke welke it wurde sil.

Marcel hat Kees 3 opsjes jûn.

401e wedstryd
Foarige wike wie Floris Hiemstra noch man fan de wedstryd yn syn 400e wedstryd foar SDS 1. Hy rekket al op leeftiid en it komt no moai út dat hy syn 401e wedstryd skorst is. Kin der moai wer op krachten komme foar folgende wike.

DJJello

Op sneon 28 april o.s. sil nei de wedstriid fan it twadde alvetal, it seizoen feestlik ôfsluten wurde mei meiwurking fan djjello. Earder dit seizoen hat dit mantsje ús al ris oangenaam fermakke. 

Dus leden stipers, sponsoren, supporters, frijwilligers en alle oaren dy’t wat mei SDS te krijen hawwe kom op 28 april manmachtich nei de Skoalleseize.

De aktiviteitenkommisje.


Thúskomme


Al earder melden wij dat Feike Jorritsma troch syn froulju thús goed yn de gaten holden wurdt.

Sa krigen hij earder op tongersdeitejûn in sms-ke wêryn drige waard mei in “sneontejûn” thúsbliuwe, at hij net op tiid thús wêze soe.

Tongersdeitejûn smieten de froulju it oer in hiel oare boech.
Tsjin 11 oere krige Feike wer in sms-ke: Heit, wij steane hjir deadseangsten út want der sit hjir in spin. Komst?

Spin spesjalist Marco Hoekstra bea gelyk syn help oan (hij besocht in sms-ke binnen in kertier fuort te krijen) en dat fûnen de froulju gjin probleem want it wie in hiele groue, neffens it folgende sms-ke dat binnen 30 sekonden werom wie.

Neffens ûnfestigde berjochten is de spin der net mear en is heit Feike thús de held.


Gjin kampioen?
SDS 1 spilet moarn tsjin koprinner Blauw-Wit ’34. Blauw-Wit stiet mei noch 3 wedstriden te gean 4 punten foar op Heerenveense Boys en BCV(klik
hjir foar de stân). Wy hoopje net foar trainer Kees Jansen dat hy tefolle nei Ronald Koeman lústere hat want dan koe it noch wolris hiel dreech wurde om kampioen te wurden………
PSV bedankt.
Of soe Ronald Koeman tefolle nei Kees lústere hawwe??

Echte supporters!!
Dit binne pas echte supporters:

“Als het moet, ga ik zondag met een injectie of per ambulance naar het stadion”
Diego Maradona, net ontslagen uit het ziekenhuis, wil Boca Juniors-River Plate voor geen goud missen.

Sorry!
Je hawwe wolris dat je de bal in wâld jouwe, mar dat de bal dan krekt net komt wêr ’t je dat graach woene……….of je sizze fan wol(klik hjir).

Letter mear!