Wepperkes – freed-

SDS League: Sjoukema ûnderút!
12 mei 2004
Stefan mei de krâns troch Rotterdam!
14 mei 2004

Nooit Grappig
Een slecht fluitende scheidsrechter een aanfluiting noemen is nooit grappig.
www.nooitgrappig.com


De Freonen fan SDS
Wy hawwe wer wat ynspiraasje opdien en tinke der oan om folgende wike op ‘e nij te starten mei ús rubryk: “De Freonen fan SDS”. Hjir wat foarbylden:
-Trainer die altijd goed gekleed is – Louis van Gaalakostuum .
-Trainer die van autootjes houdt – Guus Hiddinkitoy
-Voetballer die z’n elftal altijd vroeg wekt – Philip Coculekuku
-Een Feyenoorder in een bolletje deeg: Patrick baPaauwe.
Hawwe jimme ek soks oer leden fan SDS, mail dit dan nei
info@vv-sds.nl.

Klaas Malda
It giet neffens ús ynformaasje wol goed mei Klaas Malda. Nei syn slimme ûngemak sa ’n 4 wiken werom is dizze spiler fan SDS 4 alwer oan it revalidearen. Hy leit dan ek net mear yn it sikehûs yn Grins, mar revalideart yn Beetstersweach yn Lyndesteyn. Hy fynt it fêst aardich as je him in kear opsykje of in kaartsje stjoere, want hy hat noch in lange wei te gean. Dit is it adres fan Lyndensteyn:
*Lyndensteyn Beetsterzwaag
Hoofdstraat 3/Postbus 2
9244 ZN Beetsterzwaag

SDS programma
Der is wat feroare yn it programma foar moarn. SDS D1 spilet om 12.15 oere tsjin Heeg D1 en D2 om 11.00 oere tsjin Rood Geel D4. 
SDS D2 kin moarn kampioen wurde.

Kampioensfeest
SDS D1 sil syn kampioensfeest oansteande moandei om 19.30 oere hâlde. Dit wurdt noch in drege wike foar lieder Klaas Pompstra. Woansdei begjinne de festiviteiten oangeande it jubileum fan ‘e keatsferieniging.

Kampioensfeest (2)
SDS 1 en 2 sille ek noch in feestje hawwe. Sy binne beide kampioen wurden en wolle it seizoen op in leuke wize ôfslúte. Sy nimme dan ek ôfskie fan de trainers Kees Jansen en Marco Hoekstra en fan de lieders fan SDS 2 Jan van Asselt en Durk Okkema. Ek wurdt der ôfskie nommen fan grinsrjochter Appie Posthumus. Sy sille dit feestje sa at it no stiet freed 28 maaie hâlde.

Skeids moat net oan ‘e bal komme
Der binne skiedsrjochters dy ’t skiedsrjochter wurde neidat sy lang fuotballe hawwe. Der binne ek skiedsrjochters dy dat wurden binne om ’t sy net fuotballe koenen. Hjir kinne jimme sa ’n ien sjen. Klik hjir.

Info@vv-sds.nl
Hawwe jimme nijs foar ús, mail it dan efkes nei info@vv-sds.nl.