Stefan mei de krâns troch Rotterdam!

Wepperkes – freed-
14 mei 2004
Útslaggen 15 maaie
15 mei 2004

Keninginnedei wûn ús Rotterdammer Stefan van Krimpen mei syn maten Harm Bergsma en Tamme de Boer de krâns by it keatsen yn Easterein. Opmerklik fansels om ’t dit de earste kear wie dat hy keatste. Stefan wie sa trots as in pauw. De folgende deis moast hy mei SDS 2 wer fuotbalje, mar al wa at der wie gjin Stefan. Stefan stie mei syn motor fêst op ‘e ôfslútdyk. Wêr at hy west wie woe hy net sizze. Wy hawwe efkes speure moatten, mar dizze foto krigen wy hjoed út Rotterdam.


Stefan sa trots as in pauw troch Rotterdam!

Earst de beste aaisiker fan Easterein en no ek al ien fan de beste keatsers. De geruchten geane dat hy op de Bond ek meidwaan sil.