Wepperkes – freed –

SDS2 komt krekt tekoart
6 mei 2004
Foto’s tidens de wedstriid
7 mei 2004

Teloarstelling
Nei de wedstriid fan SDS 1 yn Ljouwert om it kampioenskip en de bekerwedstriid fan SDS 2, wêr’t ek in protte folk op ôfkommen wie, hearden je immen fertwifeljend sizzen: is it no allegear foarby?

Wat SDS 1 en 2 oangiet wol. Foar legere alvetallen is der sneon noch wol in programma. Sjoch by agenda. Dúdlik is dat SDS 5 thús om 13.00 oere oantreedt tsjin Ouwe Syl. Dat is tagelyk de lêste wedstriid dy dei, want SDS 3 en 4 moatte út.

Fyts
Gelokkich foar Gerrit: de fyts is werom. Hy is rinnende nei hûs ta gien woansdeitejûn omdat syn fyts stellen wie. Thus die bliken dat Fetsje noch wat ferjitten wie út de kantine. Gerrit der wer hinne. Yn ‘e kantine fansels melden dat syn fyts fuort wie. Doe hy efkes letter wer nei hûs ta gie stie syn fyts wer tsjin it hek.

De Treffer
At alles goed giet, komt hjoed de Treffer út. Yn gearwurking mei Hanzedruk sil der in “spesjal” by wêze fan SDS 1. Mei koart nijs en foto’s

Foto’s
Wy hawwe in protte foto’s krigen. It pleatsen kost efkes tiid en troch de ferfelende omstannichheid dat ek wy soms wurkje moatte, kin dat net gelyk. Hjoed komme der yn alle gefallen wêr in flink oantal op. Dus fan é middei of jûn mar wer efkes sjen.