SDS2 komt krekt tekoart

Foto’s SDS 1
6 mei 2004
Wepperkes – freed –
7 mei 2004

SDS 2 hat de bekerwedstriid tsjin Drachtster Boys 2 krekt ferlern. Mei 0-1 geane de Drachtster in ronde fierder.

SDS 2 joech prima partij. Hoewol it de Drachtster allegear wat makliker ôf like te gean stride SDS 2 foar wat it wurdich wie. Der wiene kanskes en kansen mar krekt dat bytsje gelok wie der net.

15 minuten foar de ein kaam Drachtster Boys op 0-1. In doelpunt wat net nedich west hie, want resoluut opromje hie best kind.

It tige royaal opkommen publyk gie der noch efkes efter stean maar de krêften wiene op en de Drachtster bleaunen gefaarlik op de kounter loeren. Al mei al in prima prestaasje fan SDS 2.