Wepperkes -freed-

SDS League: 2 leechfleaners pakke wiikpriis.
16 april 2004
Opstellingen SDS 1 en 2.
16 april 2004

SDS 5 wint kreaker tsjin Noardburgum

At je mei 0-2 efter steane mei noch 30 minuten te gean en je skore dan 4 doelpunten dan is efterôf de fraach: wat wie it wichtichste doelpunt. Je moasten je yn dit gefal ek ôffreegje: wat wie it moaiste doelpunt. Antwurden op dy fragen steane freedtejûn yn it ferslach: te lêzen by senioren- SDS5

 

Reklameboerd.

Wat soe in klup wêze kinne sûnder in sponsor? Wat soe in haadfjild wêze sûnder in reklameboerd? Wat is der moaier as in kreas boerd op de Skoalleseize yn Easterein?

Wa bou en ferboudt en levert prima kwaliteit. Ja, krekt Bootsma boubedriuw yn Turns.

 

Matige opkomst by training.

De training fan SDS 4, SDS 5 en SDS 6 waard tingersdeitejûn hiel matich besocht. De reden wie foar in part dat SDS5 op dat stuit fuotballe moast.

Ek opfallend mar tige begryplik wie it dat de maten fan Klaas Malda net trainden. Dy wiene oanslein neidat se heard hiene dat Klaas in slim ûngemak hân hie by syn wurk by in boer.

Klaas leit yn it Akademisch Sikenhûs yn Grins. Wy winskje Klaas in protte sterkte ta.

 

Aaien, aaien, aaien en nochris aaien

Peaskemoandei soe der fuotballe wurde en Ype Tiemersma soe dat opfeeste mei sa’n 50 aaien. De wedstriid gie net troch, mar de aaien kamen tongersdeitejûn dochs yn de kantine. Nei de wedstriid, siet hast elkenien oan bier mei aai. Sommigen wisten meardere te pakken te krijen en gyngen dan ek rap nei hûs.

 

Knabbel en Babbel.

Beide ferneamde spitsen fan SDS 5 skoorden tongersdeitejûn en ferstevigje harren posysje op de list. Opfallend is ek dat Klaas Molenmaker op de list kommen is nei syn prachtige kopbal tsjin Noordburgum. Sjoch by senioren- doelpuntenmakkers.

Keepers

Keepers steane in protte te sjen. Nei it spul fan de ploechgenoaten. Jappie Wijnia mei de hannen yn de side yn byld by SDS 5 en Remco Hylkema mei de hannen op de rêch op de training by SDS F2