Wepperkes (freed)

Seleksjes SDS 1 en 2 moarn
2 april 2004
Utslaggen 3 april
3 april 2004

Net noch in priis
It 1e futsalteam fan SDS hat fan ‘e wike mei 5-4 ferlen fan Renado yn Sint Nyk. Dit betekent dat sy nêst de 1e periaode gripe. Mar goed dat sy al kampioen binne. Foar SDS skoorden Harm(2), Peter en Feite. It 2e sealteam fan SDS hat fan ‘e wike de derby tsjin Workum thús mei 12-5 ferlen.

Stefan nei de boargemaster
Stefan van Krimpen wie juster net te trainen by SDS 2. Werom wist eins net ien, mar de “geruchtenmachine” draaide flink. Wierskynlik wie Stefan justerjûn nei de boargemaster fan Rotterdam om as 1e Rotterdammer syn ljipaai oan te bieden.

Doelpunten SDS
Ûnder it kopke “Treffer” kinne jimme de nije doelpuntengrafyk fan Klaas Pompstra wer besjen.

Alwer in priis
Sa at jimme dizze wike al op de webside sjen koenen hat SDS dit seizoen alwer in priis binnen. De webside fan SDS krige in “Golden Award” fan de side http://www.siterecensie.com.

Voetbalnoord
Oansjoen de útslach fan SDS-Bûtenpost foarige wike goed foarspeld waard op www.voetbalnoord.nl , hawwe wy no ek mar wer efkes sjoen. Sy hawwe SDS sneon op winst tsjin WTOC en Be Quick op in lykspul tsjin Wykels/Hallum. SDS komt sneon dus 2 punten tichterby. Folgende wike rint Be Quick alwer út. Sy winne fan Bolswardia en SDS spilet lyk tsjin Oostergo.

In soan
Keeper fan SDS 1, Broer Wiebe de Ringh hat tegeare mei syn frou, Anita, in soan krigen; Milan. Milan is it nije broerke fan Rudmer.


Wy winskje hun fansels it allerbeste!

De Treffer

De moanne april is noch mar krekt begûn en de Treffer is al wer klear. Hjoed, freed is hy útkommen.  Sa’t jim dizze wike sjen koene is Stephan van Krimpen dwaande in geweldige op mars te meitsjen binnen de klup. It is de Trefferredaksje slagge in interfjoe mei him te hâlden. Fansels prate wy yn dat stik net oer it earste aai, want dat sil kwea bloed sette by al dy Fryske fûgeltsjelju.

Sponsor

TMB de Jong (in sponsor fan SDS) hat hjoed de ferboude saak yn Wommels iepene. Oan de Walperterwei stiet no in mânsk pân, wêr’t metaal draaid wurdt en masjines makke wurde. Wy winskje Jelle de Jong dy’t no as as direkteur de saak oernommen hat fan syn heit, in protte sukses.