Opstellingen SDS 1 en 2 sneon
19 maart 2004Wepperkes2 (freed)
19 maart 2004Te folle minsken
Sa at jimme lêse koenen sitte sneon alle teams rom yn ‘e spilers. Hjir it listje:
SDS 1: 13 man
SDS 2: 15 man
SDS 3: 16 man
SDS 4: 14 man
SDS 5: 15 man
It wurdt tiid foar SDS 6!
Ploegen yn de earste klasse
No at it 1e sealteam fan SDS promofearret nei de 1e klasse is eltsenien ek wol benijd welke ploegen hjir dan wol ynspylje. Dit binne se; Avanti 2, CCCC 2, Exstador 1, Haskerland 1, Foarút 1, Blauw-Wit 1, Friesland College 2, Heerenveen 2 Friesland 1, Lemsterland 1, Urk 2 en de Herauten 1(út Burgum). De striid om it kampioenskip yn de earste klasse leit noch hielendal iepen. Foarút, Exstador en Blauw-Wit meitsje hjir noch kâns op. Haskerland degradearret warskynlik. Hoe at it allegear komt is net hielendal dúdlik om ’t CCCC en Friesland College fusearen gean. It kin al wêze dat SDS folgend seizoen ris op freed sealfuotbalje moat. Avanti, CCCC en Exstador spylje hun thúswedstriden op freed. Yn de oare 2e klasse giet it kampioenskip tusken CAB en Futsal Marum 1.
Chris wurdt opereare
Hjoed giet Christian Hoekstra ûnder it mes. De dokter sil besykje om te sjen wat der yn ‘e knibbel oan ‘e hân is en probearret dit te reparearjen. At it goed is komt Chris jûn wer thús en oars moarn. Hy hat alle tiid want de teams fan SDS hawwe sneon allegear mear as genôch minsken.
Johan Cruijff
It goeie antwurd op de fraach fan fan ‘e wike wie; Johan Cruijff. Hy hat yn in wedstriid tsjin Feyenoord ris itselde dien as wat Thierry Henry ôfrûne wykein die tsjin Blackburn Rovers (hy tikke de bal foar de keeper wei doe ’t dy úttraapje woe en skoorde, al waard de goal ôfkeurd). Johan Cruijff die dit neffens my yn de jieren ’70 tsjin Feyenoord. Ik wit net seker mear wa at der by Feyenoord doe op keep stie. Neffens my Eddy Treytel of Eddy Pieters Graafland. Freddy Scheltema moat it neffens my ek wol witte.
SDS 2 kin periode pakke
SDS 2 kin sneon net allinne de folgende ronde yn ‘e beker helje, mar ek de 1e periodetitel. Flevo Boys spilet sneon út tsjin Oeverzwaluwen. Sy moatte mei mear as 5-0 winne om de periode te pakken want oars giet der nei SDS. Wy hawwe dit wolris faker skreaun want dizze wedstriid stiet no foar de 4e as 5e kear op it programma en waard hieltiten ôflast.
Nije Treffer
At jimme noch wat hawwe foar de nije Treffer dan moatte jimme dat dit wykein ynleverje. At alles goed giet dan komt de nije Treffer oer 2 wiken wer út.