Liftdream

Wepperkes -freed-
27 december 2007
Programma SDS-sealtoernoai
29 december 2007

De lifters geane 1 jannewaris ûnderweis nei Tsjechie. Harren bestimming hjit Vysnene Zeme en dat betsjut safolle as Droomland
En tafallich wie der immen dy’t in dream hie oer it liftsjen. Wat er him noch herinnerje koe stiet hjir ûnder.

13.30 oere sjoch ik it hiele spul bij Jimbar stean. Ik sjoch Klaas Malda alhiel yn panyk. Hij is syn reade bûsdoek fergetten en moat earst nei de molkestâl fan Lettinga yn Iens lifte, omdat dat ding dêr yn de overal siet. Foardat hij en Amarins Bouma in lift hawwe út Iens wei begjint it al te skimerjen. Se krije úteinlik in lift fan Klaas syn ferfangende melker.

Boukje Heeringa en Paul Reitsma setten fol goeie moed nei de brêge en holde harren boerdsje Parijs omheech at in auto oansetten komt. “Myn Frânsk is better as myn Dúts en boppedat efkes troch de Arc de Triumph rinne jout in oerwinningsgefoel en dêr giet it om”, sa seit Boukje en Paul mompelt: “Oui, Oui.”

Jeljer Zijlstra hat it dreech mei Beitske Kooistra. Sij sit  hielendal yn de knoop mei de taal. Gewoanwei allinne Frysk mar trochdat sij no krekt it parse berjocht oer it liftsjen yn it Nederlâns oersette moast, is de taalknobbel fan Beitske yn de war. “Net Zwolle, mar Swol, net Utrecht mar Utert” , sa hear ik Beitske preuvelmintsjen.
“Net Gau mar gau” ropt Jeljer en dan hawwe se in lift fan in Hollanner, wylst hij Beitske mar foar de wissichheid in pleister op de mûle plakt.

Douwe Hibma, mei in Balkenende kapsel en bril op, want dat docht it altyd prima yn Europa en boppedat fielt Bram him yn sok geselskip echt thús, wol gelyk fuort mar Bram van Beem wol noch efkes oerlizze mei broer Sjoerd fan it eks-team Jan. “Wij dogge net samar wat Douwe, wij tinke earst nei, prate der oer mei de âlde hap en nimme dan in beslút hoe’t wij it dogge”. It wie tsjin 4 oere dat se Wommels ferlitte, Sjoerd yn triennen efter littend.

Wytske Vermeulen en Tjitte Jelle Verbeek rinne earst 20 rûntsjes de Terp om: “om waarm te wurden”, lei Wytske út , “en foar de einspurt” sa heaket Tjitte Jelle ta. Om de 5 rûntsjes helje se in fersnapering yn Jimbar en at  Jelle en Reinder harren oan de praat hâlde, dan wurdt it dochs noch in lette boel.

De bruorren Eelke en Wytze Veenstra witte dat hiel Easterein útrukt is om harren te begroetsjen at se dêr lâns komme. Sij wolle dan ek oer Easterein, hoewol it net op de route leit, wêr’t de brêge swart en blokkeard is fanwege de âldjiernacht: in waarm ûnthaal foar Eelke en Wytze en kom dêr mar ris lâns. Tsjin seizen steane se bij Itens.

Jaring en Sjoerd Rispens binne ek wat fergetten: Sjoerd hat gjin ôfskie nommen fan syn freondinne en Jaring net fan syn buorfrou. It wurdt noch in lette bedoening mei de start fan dy twa.

En Namkje Koudenburg en Wybren Jorritsma wolle3e har taktyk hielendal ôfstelle op dy fan Tsjeard en Sjoukje en Tsjeard Hofstra en Sjoukje Koudenburg op dy fan Wybren en Namkje. Se beslute earst in spultsje “minske haw gjin argewaasje” te dwaan en de ferliezers moatte troch de Sudhoeke Wommels ferlitte.
Tsjeard hat syn tomme kleurryk opskildere, mar dat jout net folle oan de ein fan de Hofkamp tsjin fjouweren.

In drege start of binne dreamen allinne mar bedroch.

Wolle jim mear witte fan dizze lifters, sjoch dan hjir.