Wepperkes -freed-

Wepperkes -woansdei-
6 november 2007
Seleksjes 10 novimber
9 november 2007

Ôflast
De wedstryd tusken Sneek D3 en SDS D1 yn Snits giet moarn net troch.

SDS 1 – it Fean 1
Kommende sneon spilet SDS 1 tsjin it Fean 58. Wat dy klups allegear meielkoar en tsjinelkoar belibbe hawwe, kinne jim sjen yn in wiidweidich oersicht fan voetbalnoord.nl.
In oersicht.

Seleksjes
As alles wat meisit dan kinne jim hjir yn de rin fan de dei de seleksjes foar moarn besjen.

Giet it troch?
Wy binne tige benijd as it fuotbaljen moarn allegear wol trochgiet. Hâld dizze webside mar wat yn de gaten(klik
hjir) of teletekstnûmer 603.
Freed om 19.00 oere hawwe wij berjocht fan de wedstrydsikretaris krigen dat Sneek/WitZwart D3 – SDS D1 sneon net troch giet.

Definityf
Wy hawwe fan it bestjoer trochkrigen dat Anne Brouwer definityf oansteld is as trainer/koach fan Dames 1. Hy sil de froulju eltse woansdei trainen jaan.
hspace=0 
Anne Brouwer

Aginda
Wy hawwe de aginda fannacht mar wer ris wat bywurke. Jim kinne no de aginda fol skriuwe oan ’t en mei febrewaris 2008 (klik
hjir).

Foar de Cambuurfans
Spesjaal foar de Cambuur-fans ûnder ús noch efkes de bylden fan de Cambuur-reüny(klik
hjir). Ek is it in oanrieder foar de net Cambuur-fans.

Foar Sinteklaas
Wy hawwe foar Eddy de Boer al in alderaardichst kadootsje op it each foar Sinterklaas. Yn it ferline like Eddy as 2 druppels wetter op Ruud Geels. Beide Ajacied, in neuske foar de goal en net folle hier. Juster seagen wy by “De Wereld draait door” dat Geels tsjintwurdich aardich mear hier hat. No ’t Geels in boek oer himsels skriuwe litten hat tochten wy dat dat miskien wol wat foar Eddy wie foar yn de skoen(klik
hjir).

Maat L
Ivo Donath (SDS 4) hat sneon út boks 5 in trainingsjaske (it orisjinele fan SDS) meinommen omdat it oars hingjen bleau. Omdat it syn maat net is, freget hij him ôf fan wa’t it wol is.

Letter mear!