Wepperkes -freed-

Bewarnûmer
26 juli 2007
Wepperkes -snein-
28 juli 2007

Net yn de prizen
Gjin inkele SDS-er jongefeint út Itens, Wommels of Easterein foel yn de prizen op de jongefeintenpartij yn Easterein. Dat wie de foarige jierren al oars.

Nije Liwwadder
Ik ben straks niet de enige speler uit Leeuwarden in de selectie van SDS1. Ik heb vernomen dat de meest waardevolle speler van SDS seizoen 06/07 op 8 aug. de sleutel krijgt van een z’n appartement. Naar verluid krijgt na Tsjalling Sikma en Kasper Hoek nu ook Tsjeard Halbersma een auto van de club!
Tsjalling

Belgyske wûnderdokter
Ek Feiko Broersma (SDS A 1) hat syn taflecht socht bij de Belgyske wûnderdokter. Syn souderblesure wol mar net oergean en mei it each op de PC soe dat wol moatte. Sjoch foar
it artikel hjir.

Nei de PC
Feite, Feiko, Dirk Yde, Jacob Klaas, Erik en Gerrit binne de 6 SDS-ers dy’t meidogge oan de kommende
PC. Dat is in goed resultaat fan trainer Frankena.

Jubileumtreffer
De jubileumtreffer is klear. Hy kin elk momint by jim yn hús falle.

Wêr hawwe sy it oer?

Der wiene woansdei op it fuotbalfjild bij it keatsen wer hiel wat promininten. Wij makken ien foto en se stiene der alle fjouwer op. En net de minsten tochten wij sa: Piersma, Liemburg, Bouma en Hiemstra. Wy binne benijd wêr’t se it oerhiene.

Ek werom
Foar Johnny Boonstra (Arum) moat it as in thúswedstryd field hawwe. Mei syn band spile hij woansdei op it B-fjild. Earder spile hij bij SDS, foaral yn de jeugd.

Tillefoan
Sommigen muzikanten hawwe wol in hiele aardige oplossing om it beljen tidens konserten tsjin te gean. Sjoch
hjir.

Tip
Tsjalling Sikma komt mei in goeie tip foar kommend seizoen. Miskien is it in idee om op frije trappen te oefenjen(klik
hjir).