Wepperkes -snein-

Wepperkes -freed-
26 juli 2007
Wedstriidprogramma SDS A1
30 juli 2007

Treffers Kûbaard
Wij hawwe it idee dat de famylje Verheus dy’t gewoanwei de Treffers rûn bringe yn Kûbaard, op fakansje is. Dêrom ús fraach oan de oare Kûbaarders: wa wol in oantal  jubileumtreffers yn Kûbaard rûnbringe?
Mail nei ús.
Redaksje: Tsjeard Halbersma hat him al oanmelden om dit te jaan. Tige tank

Tillefoannummers
Der binne al aardich wat spilers west dy’t reageard hawwe op
ús oprop om it 06 nummer op te jaan, at se dat leaver yn de Treffer stean hawwe. Wolle jim dat sa hawwe dan is it no saak om dat troch te jaan. Stel it net út, want wij wachtsje op net ien. Maile kin nei dit adres

Dielnimmer Tour de”Limburg” stikem oan it trainen? Oer 2 wiken sil der in hiel peloton fytsers út dizze omkriten nei Limburg om dêr in eintsje te fytsen en in pear heuveltsjes te bedwingen.
It “skjin” fytsen stiet yn de belangstelling op dit momint. Bij dit peloton is dat net oars.  Omdat alkohol it bloed súvert, wurdt er de kommende wiken op in oantal mominten kontroleard at er wol genôch alkohol yn it bloed sit. Dêrom binne der foarôf ek trije alkoholkontroles. De earste wie ferline wike op it terras bij kafée Bergsma. Der waard kontroleard op it alkoholpromilaazje. Dat mocht net beneden de 0.50 wêze. Wij hawwe no fernommen dat in inkele dielnimmer der net wie. Fia ús goeie relaasjes yn it bûtenlân binne wij der efterkaam dat dizze dielnimmer G.B.  foarhinne te W. him tahâldt yn de…….Dolomieten.
As bewiis krigen wij der
wat foto’s bij. Wij hawwe ek fernommen dat er noch twa tuskentydse kontroles plak fine sille. Op 1 augustus yn Frjentsjer en op 8 augustus yn it sintrum fan Wommels.
Wij binne benijd wat de organisaasje docht mei dit ferhaal. Of hawwe sij ek bûter op de holle?

Utnoeging

Mei noch minder as in moanne te gean, binne se yn Wommels drok dwaan de om Easterein-Wommels ta in grut sukses te meitsjen. Kommende freed sil der mear ynformaasje jûn wurde op de parsekonferinsje, wêr’t elkenien wolkom is. (ek Eastereinders)

Lêste wykein
Dit is it lêste wykein dat it keatsen op nû 1 stiet foar in flink oantal leden fan SDS. Tiisdei begjint it trainen wer en fanôf dat momint kinne wij ús folsein rjochtsje op it fuotbal.

Humor
Hjirby skuorre wy ús de bûsen út(klik hjir).

Toto
Ik foar Easterein-Wommels sille jim fêst de toto ynfulle kinne(klik hjir).

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!