Seleksjes – sneon –
12 oktober 2007Utslaggen 13-10-2007
12 oktober 2007Programma
It programma foar moarn is net al te grut. Sjoch hjir mar.
Thús
Moarn fuotbalje SDS 3,4,A1,B1 en C1 thús. SDS C1 moat om 10.15 tsjin Read-Swart C1 en SDS B1 om deselde tiid tsjin Frisia B2. SDS 3 spilet om 12.30 tsjin CSL. SDS A1 spilet lykas SDS 4 om 14.30. SDS A1 nimt it op tsjin LSC A1 en SDS 4 tsjin Oeverzwaluwen.
Kwyt?(1)
Marcel Frankena fûn juster in gouden ring yn de klaaiboks. Hy koe net fan him wêze dus moast in oar de ring ferlern hawwe. Net ien miste him dus wa is syn ring kwyt?
Kwyt(2)
Robert Hoekstra hat foarige wike in horloasje fûn. Wa ’t syn horloasje kwyt is kin kontakt sykje mei ponghâlder Willem Twynstra(0515-332570).
Net mear kwyt(1)
De gouden ring is ynmiddels alwer te plak. Fersoarger Dooitse Nauta sil kommende wike op fakansje en kaam der by it ynpakken fan de koffer efter dat hy romte oer hie. Dit kloppe aardich. Nei flink neitinken blike der syn trouring te missen.
Goed!
Fan ‘e wike stelden wy de fraach wa ’t der yn it seizoen 2000-2001 skoorde foar SDS yn de wedstryd út tsjin BCV(einstân 1-1). Sawol Hendrik as Jan de Jong steinen dy kear yn it publyk en koenen harren lykas “fuotbalprofessor” (en spiler yn dy wedstryd) Wichard Deinum herrinerje dat Wesley Hoitinga doe skoorde.
Sneon dus in topper fan it earste marrr it fiifde hat frij en wol twa wike. Net dat wy sollisitearje nei it earste mar Stoffel woe graach de ferkapte ledejild ferheging beure.
Down Under