Wepperkes -freed-

Wepperkes -woansdei-
28 maart 2007
Seleksjes -sneon-
30 maart 2007

Jaske
Na de training van de F jes van afgelopen dinsdag is er een blauw trainingsjack blijven liggen. Ik heb hem meegenomen. De eigenaar kan hem bij mij ophalen.
Remco Bervoets
it Stalt 27
Wommels

Slopen yn folle gong

It slopen fan de kantine is yn folle gong. Mantsjes fan de moanne rinne om der foar te soargjen dat it mooglike asbest wat er frijkomme kinne soe, opfongen wurdt. Sjoch
hjir  foar mear foto’s.

W.C.’s
De Skoalleseize hat it fan ‘e wike net allinnich mar drok hân mei it slopen fan de âlde kantine. Sy hawwe ek w.c.’s plaatst by de tydlike kantine. De froulju kinne dus moarn ek wer mei nei de kantine.

Seleksjes
De seleksjes foar de senioaren foar moarn binne rûn. It skeelt al dat de A’s en it 3e net hoefe te fuotbaljen. Fanmiddei kinne jim hjir de seleksjes sjen.

SDS 5 stelt doelen bij

Mei Kryst like SDS 5 in suterich seizoen temjitte te gean. Mar nei in jûntsje Aris is alles oars wurden. Koach Klaas Okkema stelde gelyk dat er safolle punten helle wurde moasten en de ploech leit prima op koers. No’t de konkurrinsje boppeyn punten lizze lit, binne de doelstellingen al wer ferlein. “Wij geane no foar it twadde plakje”, sa spruts de koach tongersdeitejûn. SDS 5 spilet de lêste 7 wedstriden allinne noch tsjin ploegen dy’t ûnder harren steane.

SDS 1 boppe-oan?
SDS 1 stiet boppe-oan yn de 2e Klasse K as wy allinnich de thúswedstriden telle. SDS 1 hat thús 17 punten helle lykas BCV. BCV hat in iets minder doelsaldo. Heerenveense Boys en Blauw-Wit ’34 stean 3e en 4e. SDS moat tsjin beide teams noch ús fuotbalje. Dit wurdt dus dreech. Mear kâns hawwe sy om út te winnen fan Buitenpost 1. Sy hawwe thús noch mar ien kear wûn.

Futsal
Yn de kompetysje fan de sealfuotballers fan SDS 1 kin it noch alle kanten op. Jim koenen de ôfrûne wike hjir al ferskillende standen besjen. Op de webside fan Exstador stiet no de goeie stân mei de rest fan it programma. Hjir kinne jim sjen dat it noch alle kanten op kin en dat it oan ’t de lêste dei(20 april!?) spannend bliuwt. Klik hjir om dit te besjen.

Fuotbal op t.v.
Nei dit fuotballeaze wykein (der wiene allinne mar ynterlands en dat hat mear fan skaken) kin elkenien dit wykein wer plat foar de t.v. Tenminste at je der mei de frou wat útkomme kinne. Sjoch hjir.

Dat kin helpe
Willem Wijnia is hjoed by de sportarts west om te hearen as der noch wat oan syn knibbel te dwaan is. Lokkich genôch is der wat oan te dwaan. Sa’t wy al tochten moat de poat derôf…..

Grappich
Wy krigen wer in aardige tip fan Jildert Hylkema. Yn de wedstryd lêsten tusken Shahtar Donetsk waarden 2 grappige doelpunten make. Ien goal lykas Willy Carbo(wa kin him noch?) en ien fan de keeper(klik hjir).