Wepperkes -freed-

Seleksjes sneon 22-9
21 september 2007
Utslaggen 22-9
21 september 2007

SDS – Broekster Boys
It is alwer in skoftke lyn dat SDS 1 foar it lêst thús ferlern hat fan Broekster Boys 1. Yn it seizoen ’97-’98 waard der thús mei 0-4 ferlern.

Dochs in kear wûn?
SDS 1 spile foarige wike mei 0-0 lyk by Trynwâldster Boys. Foar ús net sa ’n gekke útslach om ’t neffens ús gegevens SDS 1 noch nea wûn hat by Trynwâldster Boys. Dit kloppe wol aardich. Wichard wist ús te melden dat hy der yn syn karriëre by SDS 1 ien kear wûn. Dit wie yn in oefenwedstryd ûnder Lykle Bleekveld. SDS wûn doe neffens Wichard yn Oentsjerk mei mar leafst 5-0. Neffens Mark Postma wie it 5-3.

Lêste wedstryd
Al wer in SDS -lid wat op staazje giet nei it bûtenlân.
Gerlof Jan Hofstra (wij neame him Corky) stapt snein op it fleantúch nei Istanbul. Hij sil dêr 4 moanne studeare en foaral syn Turks bij spikerje.

Turks
Spesjaal foar Gerlof Jan om wat oan de Turkse klanken te wennen
de gearfetting fan Fenerbahce-Inter.

Fan herte lokwinske!
Dennis Dijkstra is hjoed jierdei. Hy is 34 jier wurden. Fan herte lokwinske! Klik hjir om Dennis ek lok te winskjen!

Sânbak
Sa’t jimme wol al sjoen hawwe is it op it momint ien grutte sânbak op ‘e Skoalleseize. De kommende wike sille we oan e slach om de bestrjitting der sa gau mooglik wer yn te krijen. It is de bedoeling dat alles wer klear wêze sil nei sneon 13 oktober. We freegje noch efkes om jimme begrip.
Bestjoer Skoalleseize

Trainingspakken
Fan Douwe Durk Reitsma krije wij troch dat der sneon tassen en trainingspakken en polo’s útrikt wurde oan de spilers fan yn alle gefallen SDS 5. Fraach is dan ek om dy 40 euri mei te nimmen.

Net ferjitte
De spilers fan SDS 1 en 2 en de SDS-froulju komme moarn allegear op ‘e foto. De gel meinimme dus.

SDS-sokken
Enne Bruinsma meldt ús dat der moarn wer
SDS-sokken te ferkrijen binne. Fanôf 9.00 yn de tydlike kantine.

Letter hjoed mear!