Wepperkes -tongersdei-

B-Seleksje 2007/2008
11 juli 2007
Wepperkes -freed-
12 juli 2007

Spilerspassen
Om’t Koos Plantinga 4 augustus mei fakansje giet kinne de spilerspassen troch de leiders fanôf dan by André Vink ophelle wurde. Syn adres is: Singel 30a, 8734 HR Easterein. Tel. 0515-333134.

Opfallend
Opfallende man fan ‘e wike op it fjild fan Wommels. Eastereiner Pieter Kamstra fuotballe mei Wommels mei. Soe coach fan Wommels Anne Brouwer Pieter oerhelje wolle om op 24 augustus foar Wommels te fuotbaljen?

Futsal
SDS komt kommend seizoen noch mei 2 futsalploegen yn aksje ynstee fan 3 sa ’t dat de lêste jierren it gefal wie. Der binne aardich wat futsallers stoppe. Dizze spilers sjogge wy kommend seizoen net mear sealfuotbaljen:

Marten, Dirk-Yde, Tsjipke, Pieter, Sjoerd Rispens, Sjoerd van Beem en Tjeerd Breeuwsma.

20 july
Wy hawwe noch efkes by wedstrydsekretaris André Vink ynformeerd, mar wy sille oan ’t 20 july wachtsje moatte foar de KNVB komt mei alle kompetysje-yndielingen.

Flagje
Klaas Pompstra sil ek kommend seizoen wer de thúswedstriden fan SDS 2 flagje.
hspace=0

Spulrigelwizigingen
Ek yn it nije seizoen binne der wer inkelde spulrigelwizigingen ynfierd troch de KNVB. Wy sille jim hjir op de hichte bringe fan inkelde wizigingen. Ek yn it bewarnûmer fan de Treffer sille jim dit heechstwierskynlik weromfine kinne. Dit is der alfêst ien:
Een speler moet worden gewaarschuwd indien hij:
-zijn shirt uittrekt, over het hoofd trekt of zijn hoofd ermee bedekt, maar het shirt niet geheel uittrekt, om een gemaakt doelpunt te vieren…..
Dit mei dus net (klik
hjir(lykas de titel fan dit filmke eins net kin)

De poll
Wolle jim noch oer it hichtepunt fan SDS stimme, dan kin dat hjir noch altiten. Der hawwe ynmiddels al mear dan 100 minsken stimd.

Schwalbes, schwalbes en noch folle mear …….
Foar degene dy ’t net op toaniel sitten hawwe, hjir in ynstrúksjefilmke hoe ’t it net moat(klik
hjir).

Drek, drek en noch mear drek….
Mocht it fjild yn Easterein op 24 augustus no hiel min wêze, dan kin der altiten noch beletten wurde om in drekgefecht tusken Easterein en Wommels te hâlden. Op Wâldrock is der ôfrûne sneon alfêst proefdraait(klik
hjir). 

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!